Wepperkes -snein-

Utslagen sneon 8-9
7 september 2007
Wepperkes -moandei-
10 september 2007

SDS 1 yn byld
Henk Bootsma hat sneon foto’s makke fan de wedstryd SDS 1- Wieringermeer 1. Jim kinne se
hjir sjen.

SDS 3 hat 6 út 2
SDS 3 begjint it seizoen knap. Mei 6 út 2 hawwe sy noch de maksimale skore. Sneon wûnen sy fan Zeerobben. Klik
hjir foar it ferslach fan Remco Bervoets.

Moai wat ferslaggen
Wij hawwe fan juster al moai wat ferslagjes binnenkrigen, jim se
hjir lêze

Topcoach
Feike Jorritsma jout it folgende berjocht troch:
Fanne jûn waard ik skille troch Theo de jong fanût Griekenlân, hy woe witte hoe de fammen spile hienen.
As jo op fakansje binne fier yn it bûtenlân en toch nei Easterein ta skilje om e ûtslach en de wedstriid fan de fammen wer jo lieder fan binne, dan binne jo yn myn beleving in topcoach.
Alle teams mochten winskje dat se san lieder hiene. Geweldig
 
Feike Jorritsma ( tydelik lieder fammen sds )

Stefan Clarence van Krimpen

At je in strafskop misse bij SDS dan komme je yn it Clarence-sluier klassemint. Dat wit elkenien. Nei ôfrin fan de wedstryd rinne je (sportyf at je binne) nei de fotograaf en ..klik .. in krease foto om oan te jaan dat je je skamje. Sa ek Stefan van Krimpen: hij miste bij SDS 2 in strafskop, gelokkich sûnder fatale gefolgen.

Harm Clarence Stremler

Sa’t jim sjen kinne laket Harm Stremler hjir wol mar dat wie net fan herte. In wike lyn tsjin Zeerobben miste hij bij SDS ek in strafskop en doe’t wij in “sluier”foto meitsje woene, die bliken dat Harm noch yn de ûntkenningsfase sit. Hij woe der neat fan witte en fûn it ûnterjochte omdat de skiedsrjochter de bal oer nimme liet. Wij hawwe it reglemint neisjoen en helaas foar Harm artikel 6 lid 13 jout oan dat ek yn dit gefal de misser telt.

Flagje
Samme Overal fuotballet by AVV(Terschelling). Hjoed moatte sy út tsjin Boyl fuotbalje. Heit Klaas sil mei te flagjen.

SDS 5 op de foto en de film
De feteranen fan SDS 5 hâlde fan fernijingen. Sij hiene allang ferwachte dat ien fan de jeugdalvetallen mei in filmke op de side komme soe yn stee fan in foto. No’t dat noch net bard is, hawwe de feteranen sels it foartou mar nommen. 
It resultaat mei der wêze.

Durkendei
It it wie foar de fuotbaljende Durken (je kinne se ek Dirk neame) in goeie sneon. Durk O, Durk Y.S. en Durk de J. skoarden alletrije ien of twa kear

SDS1 noch gjin foto
It flaggeskip fan SDS stiet helaas noch net op in alvetalfoto. No kin dat fansels noch wol, want it seizoen is noch net hielendal ôfrûn.
Ek fan oare alvetallen hawwe wij noch net alles kompleet. Miskien dat lieders der foar soargje kinne dat er bij de earst folgende wedstryd in alvetal foto makke wurde kin.

SDS 1 komt op
De kompetysjelieder hat der foar soarge dat SDS 5 en SDS 1 tagelyk fuotbalje moatte. Dat is spitich want hjirtroch sil it net mear mooglik wêze om in wiidweidich ferslach fan SDS 1 te meitsjen. Alteast net troch ús. Mar miskien binne der wol oaren?
Yn it ramt fan fernijing hjir
in filmke fan it opkommen fan SDS en Wieringermeer. 

Lucky Ajax
Lucky Ajax docht syn namme ear oan. Frank de Boer makke fan ‘e wike foar Lucky Ajax in wereldgoal. Dat lukt him nea wer(klik
hjir). Freed 21 septimber kinne jim sjen as Frank de Boer wier noch sa goed is, want dan spilet Lucky Ajax yn Boalsert tsjin Bolswardia.