De Skoalleseize is moai op streek!

Wepperkes -moandei-
10 september 2007
Wepperkes -woansdei-
11 september 2007

Sa’t it no liket sil de datum fan 20 oktober om it gebou te iepenjen helle wurde. Dizze wike sil de ôfwurkflier lein wurde en de keuken + koelcel ynstalleerd wurde.
Oer ûngefear 2 wiken sil de nije bar pleatst wurde troch Sjoerd Heeringa.(in plaatsje)
De spacker tegearre mei Sam Petra (want dy hat er in praktykstaazje fan makke )binne al healwei it gebou.

Ein septimber sil Klaas Klinker mei help fan oaren de bestrating oppakke. Undertusken binne we mei de ferljochting ek al in stik hinne mar moat der nog wol wat barre.

Koartom we binne der nog net , mar de Skoalleseize hat der alle betrouwen yn dat it slagje sil.
By dizze wolle wy alle frywilligers dy ús tot no ta holpen hawwe en hopelyk de kommende tiid ek nog helpe sille betanke foar hun enthousiasme.
Sûnder al dizze minsken wie it net slagge.
Letter mear!

Groetnis Feike Jorritsma


Is it net in plaatsje?


Dit is in spacker of in spakker of soksawat. It wurdt yn elts gefal kreas.