Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
7 juli 2007
B-Seleksje 2007/2008
11 juli 2007

WK
Tiisdeitejûn wurdt der fanôf 19.30 wer fuotballe op it fuotbalfjild fan Wommels. Hooplik wurket it waar in bytsje mei. Wa’t meidwaan wol komt mar efkes lâns.

Net op fuotbalskuon
De diskusje bij it keatsen oer de skuon dy’t je wol of net drage meie, levert wer hiel wat diskusjes op. Op ús fuotbalfjild (bij SDS dus) mei ek net keatst wurde mei fuotbalskuon of blades. Bij de oankundiging foar de jong feintenpartij is it dúdlik oanjûn. Sjoch hjir.

Kompetitie-programma
As wy de webside www.voetbalopzaterdag.com leauwe meie dan komt de KNVB op 20 july mei de kompetysjeprogramma’s fan alle amateurteams.

Besikers
Ek yn de simmermoannen wurdt ús webside noch altiten aardich besocht mei sa ’n 300 oan ’t 400 unike besikers deis. Klik hjir om alle statistiken te besjen.

Missers
Je misse allegear wolris in grutte kâns, mar dizze 10 binne dochs echt wol it toppunt(klik hjir).

Feyenoordonly
Dizze link is spesjaal foar al dy Feyenoord-supporters dy ’t ús webside wolris besykje(klik hjir).

Wâldrock
It fjild fan Wâldrock yn Burgum like sneon krekt it âlde trainingsfjild fan SDS.
S4010007.JPG