Wepperkes -snein-

Wepperkes-sneon-
6 juli 2007
Wepperkes -moandei-
9 juli 2007

SDS-er yn basis ?

Kommende wike is sc Heerenveen op Skylge foar in trainingskamp. Binne je dêr dus op fakansje dan is it gjin probleem at it wat suterich waar is, je kinne altiten efkes bij de trainingen sjen op Hoorn. Freedtejûn om 19.30 oere spilet de profklup tsjin AVV, de gasthearen. Yn de basis bij AVV stiet in bekinde fan ús. Samme Overal sil besykje Nilson fan skoaren te hâlden. Mei faire middelen hopet elkenien.
Syn maten sille spesjaal foar dizze gelegenheid in nacht nei Skylge ta.

Yn it nijs

Yn Boalsert staakten de haadklasse keatsers. Sûnder it graach te wollen hie skiedsrjochter Sipke Hiemstra in lestige middei. Hij mocht syn ferhaal efkes dwaan bij Hijlko Broersma fan Omrop Fryslân.

Neiprate

Neidat it beslút fallen wie dat it keatsen net trochgean soe, rekken de oanwêzige SDS-ers yn in diskusje oer it terjochte of net terjochte staken fan de spilers. Fjouwer Haitsma’s, Hendrik, Pieter, Lolke, Anne en twa Sjaarda’s hiene allegear in miening.

Seleksjes
Wy hawwe de seleksjes fan de senioaren binnen krigen. Yn de rin fan de wike kinne jim se hjir besjen.

5.20
Is it mooglik om 5 minuten en 20 sekonden 34 doelpunten sjen te litten fan ien spiler. Antwurd:
ja

Nijs?
Hawwe jim noch wat te melden mail it dan nei 
ús