Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
9 september 2006
Wepperkes -tiisdei-
10 september 2006

SDS League
Jim hawwe noch 5 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
Wy hawwe ynmiddels al 10 teams binnen!
Klik hjir om ek mei te dwaan!
Der lizze ek formulieren yn de kantine!

SDS 3 goed fan start
SDS 3 pakte sneon mei in fernijde groep in knappe oerwinning op QVC 2. Klik
hjir foar it ferslach fan Wichard.

SDS B1 wint dik yn Makkum
We ha fannemoarn yn Makkum fuotballe en der de skoare fan 0-9 delsetten. Soks giet net fansels…fansels. De jonges ha foartreflik yn de discipline en posysje fuotballe. It spul wie fersoarge en goed. Foaral it coachen gie goed dit kear wertroch we mear tiid hienen. De romte waarden goed beset en der waard hurd wurke. We neame gjin man fan de wedstriid…al wie die der wol.
Mar it wie de ploech fan 16 man die it mei inoar dien hat. Sjoch it ferslach(klik hjir).

Eigen goals
Opfallend sneon wienen de 2 eigen goals dy ’t der foelen. Sjoerd Rispens makke by SDS 2 behendich de 1-1 mei syn linker. Jeroen Wagenaar slagge by SDS 3 deryn om eigen keeper Bote Strikwerda te passeren mei in knappe kopbal yn de krúsing. 2 prachtige eigen goals dy ’t sa wol mei koenen yn dit filmke(klik hjir). 


Nije flagger
SDS 3 hat in “nije” flagger strikke kinnen. Appie Posthumus pakt de flagge wer op.

Appie giet wer flagjen!

Nije leider
It 2e sealteam fan SDS hat in nije leider strikke kinnen. Gerard van Asselt sil him hjirfoar ynsette.

Gerard giet mei SDS 2 foar de titel!

SDS 5 in puntsje
De kompetysjestart levere SDS 5 in puntsje op. Dêrmei mochten se net ûntefreden wêze. It ferslach

SDS 6 yn aksje
Tiisdeitejûn spilet SDS 6 harren earste kompetysjewedstryd. Dat dogge se tsjin VOG. Dy komme út Munneburen en omkriten. Krûmproaters dus. It begjin 18.30 oere.

De loft yn
De Freulewinners (Dronryp) sille, at alles goed giet jûn de loft yn. Om kertier foar sânen fanôf de Terp. At it waar en de wyn it talit fansels.

Spultsje
Dit spultsje sil Geert Poeze net leuk fine(klik hjir).