Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
8 september 2006
Wepperkes -moandei-
10 september 2006

SDS 1 – Broekster Boys 1
Op de webside fan Broekster Boys stiet in ferslach oer de wedstryd fan juster. Klik hjir om it te lêzen.

Wêr is Dirk-Yde syn fyts?
Dirk-Yde Sjaarda syn fyts is nei de wedstryd SDS-Broekster Boys troch in oar meinommen. It giet om in damesfiets. Wierskynlik fan it merk Batavus. Dirk-Yde wol him graach wer hawwe. Mail Dirk-Yde as je der mear fan witte.

SDS League
Jim hawwe noch 6 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
Wy hawwe ynmiddels al 10 teams binnen!
Klik hjir om ek mei te dwaan!
Der lizze ek formulieren yn de kantine!

SDS 5 op foto
De feteranen fan SDS 5 wiene wer aaklik dwers sneon. Se woene net op de foto. Lieder Klaas ûnderhannele noch wol mar der wie gjin praten tsjin. “Earst punten helje, dan op de foto” wie it motto. Dêrom in dwerse foto.

Niels Matterazzi

Hij kin noch mar krekt rinne: Niels Hiemstra. Mar lit fuort sjen wat syn idoal is.

Trainers frege!
Net alline B1 en C1 hat ferlet fan in trainer, ek bij de F- teams wurde noch in oantal trainers frege. Elkenien dy’t nee sein hat, soe der miskien noch in kear oer neitinke kinne.  Jimme kinne lûd jaan bij Jappie Wijnia.

Mear wedstrydferslagen
Moarn kinne jim hjir ek de wedstrydferslagen lêze fan yn elts gefal SDS 3 en B1.

De kop der bij!
Tsjintwurdich moat er wat op in sjurt stean. Dat witte wij allegear. Dêrtroch kinne je ek sjen hokker muzyk sommigen leuk fine of nei hokker lân men west hat.
Opmerklik wie de dochs wol filosofyske tekst op it sjurt fan Freddy Scheltema.

Lolke Hofstra fûn de lêste it meast begryplik.

Kanaarjegiel
SDS 1 hat nije neisitsjurts. Beskikber steld troch in bar út Wommels dy’t net fan ús is mar fan Jim is.

Zidanes suske




Zidanes training
Klik hjir om te sjen wêr ’t Zidane altiten mei trainde.

Monumintendei
Sa’t jim witte is it hjoed monumintendei. Tal fan gebouen stean iepen. In echt monumint is it kafé yn Easterein. Ek dat is hjoed iepen. En dêr spilet om 16.00 in monumint yn de bloesmuzyk: BJHegen Bluesband