Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
10 september 2006
De nije SDS League!
12 september 2006

Doelpuntenmakkers
Ek dit jier sille wij de doelpuntenmakkers fan de senioren wer bijhâlde. Nei 1 of 2 wedstriden stiet Tsjalling Sikma boppe oan. Hij skoarde twa kear. Hjir de
komplete list.

ONT’ers oan ’t keatsen?
Op sneon 28 oktober spilet SDS út tsjin ONT. De ONT’ers binne harren no al drok oan it tarieden op dizze wedstryd. Sa hawwe sy freed in keatsclinic hân fan Simon Minnesma. Klik
hjir foar de foto’s.

SDS 6 lit it raar sitte
It hie dochs wer in heuglik momint wurde moatten. It earste optreden fan SDS 6. Tsientallen fans kamen dan ek nei it sportpark om efkes te sjen. It wie op lêst ek moai waar, it gers wie meand  en de krante wie út.
Grut wie de teloarstelling doe’t bliken dat it rêstich wie op it A en B fjild. Bij neifraach die bliken dat VOG moandeitejûn ôfbelle hie. Spitich fansels. Mar noch spitiger is it feit dat de webmasters net efkes op de hichte brocht wiene, om dizze oankundiging efkes te dwaan. 

11 septimber
Ús webside waard juster goed yn de gaten hâlden troch it ministerie fan justysje. Dit wienen juster de 10 besikers rûn 15.00.

1. 11 september 14:57 Ministerie van Justitie, Den Haag, Nederland
2. 11 september 14:58 Ministerie van Justitie, Den Haag, Nederland
3. 11 september 15:00 Ministerie van Justitie, Den Haag, Nederland
4. 11 september 15:00 Ministerie van Justitie, Den Haag, Nederland
5. 11 september 15:00 Ministerie van Justitie, Den Haag, Nederland
6. 11 september 15:00 Ministerie van Justitie, Den Haag, Nederland
7. 11 september 15:01 Friese Poort, Leeuwarden, Nederland
8. 11 september 15:01 Planet Internet, Nederland
9. 11 september 15:01 Wanadoo Nederland BV, Nederland
10. 11 september 15:02 Ministerie van Justitie, Den Haag, Nederland

American Base

It wie moandeitejûn yn Wommels de jûn fan de Freulewinners fan Dronryp. Sponsere troch de Ljouwerter Krante en de haadsponser fan SDS, American Base út Boalsert mochten sij mei in ballon de loft yn. It waaide net hurd, dat se hawwe Wommels goed besjen kind. Mear foto’s bij de haadsponsor fan ús webside; Fotopersburo JRF.

Futsal (1)
Woansdeitejûn spilet SDS 1 wer in sealbalwedstryd. Om 20.00 oere thús tsjin Urk 2. Wij ferwachtsje wer in folle tribune.

Futsal (2 en 3)
Ek SDS 2 en 3 moatte woansdeitejûn bolje. Sij dogge dat tsjin Birdaard en WZS.

Suksesfolle SDS’ers
It keatsseizoen sit er op en at jim
hjir sjogge dat kinne je net oars konstateare dan dat de junioren fan SDS in goed seizoen draaid hawwe. Fiif man bij de earste tsien en as grutske koprinner Pytrik Hiemstra.