Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
28 april 2006
Wepperkes -tiisdei-
1 mei 2006

Topper
De futsallers fan SDS 2 moatte jûn winne om noch kâns te meitsjen op it kampioenskip. Foar wa ’t harren oanmoedigje wolle; sy spylje jûn om 20.30 yn Hasselt tsjin ZVH. Gerard van Asselt is mei as razende reporter sadat wy hoopje jûn de útslach noch melde te kinnen!

Streake
Yn Easterein hawwe wij der net folle lêst fan. Seker no net, it is fiersten te kâld. Yn Dútslân wolle se it dizze simmer hurd oanpakke: it streaken. Dochs binne der ek minsken dy roppe oaren op om just wol te streaken. Foar in goed doel, om oandacht te lûken. Sjoch
hjir mar.

Alwer 2-1
SDS 3 ferlear tiisdei foar de safolste kear mei 2-1. Wie it dit kear al terjochte? Klik
hjir foar it ferslach fan Lieuwe Meijer.

Amateurfuotbalspul
“At ik mar boppe dij einigje,” seit Bas ferline wike tsjin Aant. Mei noch twa rondes te gean, liket Bas syn doel helle te hawwen. Familair steane se no op plakje 22 en 23. Mei ien punt ferskil. De totale list mei ûnder oaren Tjerk van der Pol, Dirk Yde Sjaarda, Jelmer de Boer en Willem Wijnia kinne jim
hjir fine.



Hawwe jim noch nijs?
Mail it ús