Wepperkes -snein-

Wepperkes -freed-
27 april 2006
Wepperkes -moandei-
30 april 2006

Nije spiler
Dizze wike hawwe 2 spilers kenber makke wol nei SDS te wollen. Tsjalling Sikma spilet by Dronryp 1 en wol folgend seizoen graach by SDS fuotbalje. Tsjalling is it broerke fan Hester Sikma(de frou fan Gert-Jan Hiemstra). Hy hat dus al wat in bân mei SDS. Tsjalling komt it best ta syn rjocht yn de foarhoede. Hy kin ek wol goals meitsje. Sjoch hjir mar.

Tsjalling Sikma yn aksje foar Dronryp tsjin Harlingen.

Nije keeper
Jaap Toering út Weidum hat ek kenber makke dat hy folgend seizoen graach by SDS fuotbalje wol. Hy is 20 jier en is no noch keeper by Blauw-Wit’34.

Jaap Toering ek nei SDS?

In dei sûnder wepperkes
It is oars sa gewoan: alle dagen de wepperkes efkes lêze. Juster, op de sebeare Kennejinnedei wiene der gjin wepperkes. Der waard net fuotballe, mar keatst. Ek wepmasters keatse dan. Mar nei twa partijen wiene se beide sa út de liken dat it net ferantwurde wie om noch te wepperjen.
Hjoed geane sij der wer folop tsjinoan.

In dei mei net safolle besikers
Net allinne de beide wepmasters wienen oan ’t keatsen. In dei sûnder weppers betekent dêrtroch ek net folle besikers. Juster hienen wy dan ek “mar” 265 besikers. Ûngefear de helte fan wat wy oars hawwe.

Boppeslaggen en doelpunten
Der is juster yn Wommels, Itens en Easterein wer hiel wat boppeslein, want sels hiel gewoane keatsers kinne (fier) boppe. Mei it fuotbaljen is dat oars. Bij it skoaren fan in doelpunt is der noch in gefoel dat it in geweldige prestaasje is. Je wurde noch efkes plat knuffele troch je ploechgenoaten. Klaas Pompstra hat foar ús bijholden hoe faak dit jier dat geweldige gefoel boppekaam bij in SDS-er.
Sjoch
dit oersicht en konstatear mei ús dat er noch efkes flink skoord wurde moat om it oantal fan ferline jier te heljen.

De appel falt net fier…..
Jierren flagge Appie Posthumus by SDS 2. Ôfrûne tongersdei stie yn de oefenwedstryd fan SDS 1 tsjin Bolswardia wer in Posthumus oan de line. Dit kear wie it soan Arjen. Hy liet sjen goed nei syn heit sjoen te hawwen.

Mollen
Yn Easterein hiene se sneontemoarn noch flink lêst fan mollen op it fuotbalfjild, wêr’t simmers op keatst wurde mei. Wierskynlik komme se op al dat sân ôf. Fansels kin der mar ien man help biede. Stoffel Bouma. Undanks it feit dat hij noch net traine mei fanwege syn kaak en dat hij flink spiele moat ek fan wege syn kaak, woe hij wol
efkes lâns komme.

Jammer
It is dochs jammer dat hy der fan ’t simmer net by is op it WK(klik hjir).

Letter hjoed mear!