Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
30 april 2006
Futsal: SDS 2 wint nei thriller!!
2 mei 2006

Futsal: SDS 2 is klear foar it kampioenskip
SDS 2 hat juster nei in wiere thriller mei 4-2 wûn fan ZVH. Yn de earste helte yn Hasselt stie koprinner ZVH mei 2-0 foar en like him klear te meitsjen foar in kampioensfeestje. SDS 2 wist dit yn de twadde helte knap foar te kommen. It wienen efter elkoar Skelte, Dirk Yde, Tseard Halbersma en Tseard Breeuwsma dy ’t foar de ommekeer soargen. Ús reporter Gerard kin der noch net oer út. Moarn komme de foto’s en in útgebreid ferslach fan Gerard.
SDS 2 moat no allinne noch tsjin Old Forward 2 yn Wilhelmina-oord. SDS 2 moat dizze wedstryd winne om kampioen te wurden. Wannear ’t dizze wedstryd spile wurd is noch net dúdlik.

Kompetysje troch de wike
Ek dizze wike binne der wer in oantal wedstriden op jûn. Sa sil D1 jûn yn Easterein oantrede tsjin Leeuwarder Zwaluwen D1. It begjint 19.00 oere.

Moarn
Woansdeitejûn binne der sels 4 jeugdwedstriden. E1, E2, F1 en F3 fuotbalje dan fanôf 18.00 oere.
It komplete programma fan dizze wike fine jim bij
de aginda.

SDS 4 op stap
Yn de kommende Treffer kinne jim alles lêze oer it útstapke dat de spilers fan SDS 4 meitsje sille. Neffens in tige strak tiidskema sille sij der mei de fyts op út. Se skine 
Aant wer yn sette te wollen as wynbrekker. 

Wisten jo dat…….
Yn it jubileumnummer fan de Treffer fan 1972 stie:
………..dat H. Boersma yn syn 12-jierrich bestjoerlid wêzen 12 pear klompen tenéin rûn hat?
……….. dat hij dan ek net samar útroppen is ta sportman fan it jier 1969?

In flau mopke
V: Wat is het verschil tussen een Lada en een Lada Sport?
A: Bij een Lada Sport zit er een halve tennisbal op de trekhaak.

Hawwe jim noch nijs? Mail it ús!