Wepperkes -freedtejûn –

Foto’s nei de wedstriid
7 mei 2004
SDS League: Sjoukema kriget it noch dreech
7 mei 2004

Warskôging

Wy krigen op ús eameladres in berjocht binnen fan Jaap Uilenberg wat bestimd wie foar in sekere menear Dijkstra van SDS.

 

 

Geachte heer Dijkstra,

 

Als hoofd van het scheidsrechterskorps Nederland heb ik de plicht u te waarschuwen voor de gevolgen die u kunt ondervinden na 1 juli, bij het uittrekken van uw shirt, na het maken van een doelpunt.

Het is mij ter ore gekomen dat u één van de aanstichters bent in Nederland en het is mij opgevallen dat uw gedrag in ruime mate wordt gekopieerd door diverse spelers in het betaalde voetbal.

Hoewel ik mij kan voorstellen dat u blij bent dat u een doelpunt maakt en dat u daarbij uw goddelijk lichaam wilt tonen aan uw (meest) jeugdige fans, kan ik dit niet langer tolereren.

Ik wil u wel in overweging geven in het geval u uw 100ste doelpunt maakt als senior dat u de scheidrechter van te voren op de hoogte stelt en dat u een keurig ondershirt toont waaruit blijkt dat u 100 doelpunten hebt gemaakt.

Voor zover ik ben ingelicht kan dat nog wel even duren met gemiddeld 10 doelpunten in een jaar.

Ik wens u veel succes toe met het maken van doelpunten en het aanhouden van uw shirt.

 

Met vriendelijk groet,


Jaap Uilenberg

 

Kampioen?
SDS E1 en F4 kinne moarn beide kampioen wurde. Sy moatte om 9.15 en 10.15 oere. Kom allegeare!

Fan Herte
It skiedsrjochterskorps hat SDS aardich op ‘e korrel. Immie Kamstra hie fannejûn skiedsrjochter Kraak ú Âldegea al oan ‘e tillefoan. Hy woe alle spilers, lieder en trainer felisitere mei it kampioenskip. Hjirby hawwe wy dat dien.

Hoefolle?
Juster(tongersdei) hawwe wy 644(!) besikers hân op ús webside. Dit hawwe wy noch noait meimakke. Wy hienen sels mear besikers as de Maradonna-Fanpage. En dat op de dei dat hy wer opnommen is yn it sikehûs. Ek hjoed hawwe wy alwer mear as 450 besikers hân.


Skitterende Treffer
Ik haw de nije Treffer krekt út en ik kin jimme sizze dat it dit wykein seker de muoite wurdich is om nêst de briefebus sitten te gean om de nije Treffer persoanlik yn ûntfangst te nimmen. Foaral de spesjale bylage oer de wedstriid tsjin Be Quick fan jajuster(?!) is super!!

Neikompetsyje of keatse

Sneon 8 maart is der seniorenpartij yn Menaam. 4 spilers fan SDS 1 woene dêr graach oan mei dwaan. Mar kin dat wol.

Opjaan moat foar woansdeitejûn 8 oere. Op dat stuit spile SDS 1 tsjin Be Quick. By winst koe it keatsen wol trochgean. By ferlies lykwols net.

Sa’t it ferhaal giet, hiene de jonges  wat regele mei it bestjoer yn Menaam. Se soene dêr iets letter lotsje wie ôfsprutsen.

Se hiene harren yn alle gefallen op tiid opjûn.

Moai dat se sneon alle 4 op de list stean en dus keatse kinne.

 

 

Doelpunten

Hendrik de Jong hat troch syn goeie searje de lêste wiken it earste plak oernommen fan Eddy de Boer. Hy hat krekt as Eddy 17 doelpunten skoord, mar in doelpunt yn SDS 1 is krekt efkes mear wurdich.

Kans is grut dat dizze topposysje net lang duorret. Eddy de Boer komt mooglik noch 3 wedstriden yn aksje en hy is tige fit, want it biljerten is dien.

De to p 6 sjocht er sa út.

1

Hendrik de Jong

I

17

2

Eddy de Boer

V

17

3

Ype Tiemersma

V

13

4

Henk Postma

II

12

5

Harm A.Dijkstra

IIenIII

10

6

Gerard Posthumus

IIIenV

10

De komplete list stiet by senioren.