Wepperkes -freedtejûn-

SDS League: De Voortzetting pakt de wykpriis!
6 mei 2005
It begjin fan sneon 7 maaie
7 mei 2005

Dirk Yde yn Skotlân
Dirk-Yde sit yn de Highlands en kin Omrop Fryslân net ûntfange. Dochs wol hy wol graach SDS hjoed folgje. Wa hâldt him op de hichte? Hy is de hiele dei te berikken op syn Skotse nûmer: (+44) 07796824532.

Wat in dei
SDS 2 ferlear tongersdei op wonderlijke wize. Klik hjir foar it ferslach fan in wonderlijke dei.

SDS C2 wint
Tongersdei spile SDS C2 út yn Emmeloord tsjin Emmeloord C2. De Eastereiners gienen mei 3 punten nei hûs. Sy wûnen mei 7-3.

1ste klas kenner fan de twadde klasse
Slûge soe ek, mar stoar earder. Dat soe fan tapassing wêze kinne op al dy minsken dy’t ek in gokje weagje woene, mar it op ien of oare wize “fergetten”hawwe. De list is dus no kompleet en wy binne hiel benijd hoefolle der moarntejûn al ôffallen binne. Sjoch foar de folsleine list
hjir.

Links
De KNVB is dwaande harren side om te bouwen. Dat is geweldich, mar net ferstannich om dat no krekt twa wiken foar de ein fan de kompetysje te dwaan. Alle links dy’t jim op dizze side fine kinne nei standen en programma’s binne ferdwûn. En helaas kinne wy se no ek noch net fine op de nije side. Wy hoopje dat se it begjin nije wike wat dúdliker meitsje allegear.

Wurdt ferwachte!
In ferslachje fan Jan Peter Bootsma dy’t hjoed nei Rosmalen west hat foar de lannelike keepersdei.

Nije Treffer
De Treffer fan maaie is út. Hjoed of moarn kinne jim dat blauwe eksimplaar wer ferwachtsje yn jim bus. Foar de bûtenleden en donateurs leit er moarn ien yn de kantine klear. Want elkenien giet fansels moarn wol efkes nei SDS 1 – QVC 1

E2 ek nei it Fean
Fan Meinte Wesselius krigen wy noch in foto fan de E2 spilers op de tribune by jong-Heerenveen tsjin jong Ajax op moandei 3 maaie