Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
25 januari 2006
Wepperkes -sneon-
27 januari 2006

Neat
It trainen fan SDS 2 gie justerjûn net troch. It fjild wie neffens trainer Klaas Okkema hurd en glêd. Der waard ek net squasht yn Snits. Alle banen wienen beset.

Oefenje
De spilers fan SDS 2 moat sneon om 13.30 yn Easterein wêze foar harren oefenwedstryd yn Âldegea tsjin VV Oudega 1. De wedstryd begjint om 14.30. Mocht dit net trochgean dan hawwe de spilers fan SDS 2 in “frije” sneon. der wurdt dan dus net traint en der wurdt ek net fuotballe op kuenstgêrs.

Sealtoernoai SDS
As it fuotbaljen moarn no wol of net trochgiet, der kin yn elts gefal sealfuotballe wurde. Sneontejûn wurdt namelijk it SDS-sealtoernoai foar senioaren wer hâlden. Eltsenien dy ’t meidwaan wol kin him opjaan by syn leider of by Roel Sybesma 0515-332186. It begjint om 19.00 oere.

SDS League
Jim hawwe noch 8 dagen om jim nije team yn te leverjen foar de SDS League. Klik hjir om in nij team te meitsjen. De spilerslist is alwer wat oanpast. Bakkati(HEE), De Jong(AJA) Saeijs(ADO), Van der Leegte(ADO), Leonardo(FEY) en Hoogendorp(RKC) binne fan ‘e list. Samaras(HEE) stiet der noch altiten op.

Drok
Gert-Jan Hiemstra wurket noch altiten drok oan syn herstel, al sil it noch in skoft duorje foar ’t hy wer fuotbalje kin. It sil him yn elts gefal net oan syn wurklust lizze.

Gert-Jan mei swiere gewichten yn ’t spier by de fysiotherapeut(www.topfysio.nl)



Letter mear!