Evenementen in december 2022

Wepperkes -woansdei –
24 januari 2006
Wepperkes -freed-
26 januari 2006

SDS 1 wint
SDS 1 hat in tige nuttige oerwinning helle op Avanti 2. Yn in boeiende, snelle en spannende wedstryd waard it
0-1 Avanti
1-1 Robert
2-1 Robert
2-2 Avanti
3-2 Tsjipke
4-2 Feite
5-2 Robert
6-2 Willem
6-3 Avanti
De lêste 5 doelpunten foelen yn de lêste 7 minuten. Harm krige giel foar diskusearen.
Marten Faber wie de ferfanger fan Jan Simon Jelsma dy ’t lêst fan de rêch hat.
Ek Peter die net mei, mar siet wol de bank. Hij helle de woede fan de skiedsrjochter wol op syn hûd troch in opmerking en wij binne benijd wat dat wie.

Futsal: SDS 3 wint ek
SDS 3 hat mei 10-7 wûn yn Joure tsjin Haskerlân.
Doelpuntemakkers binne:
JOHAN 4
PIETER 3
KLAAS 1
JACOB 1 NEFFENS HIM DE MOAISTE
FERRY 1 NEI IN HEAL JIER DROECHSTEAN 
GR. HENDRIK

It kaaike past net
Fuort nei de wedstryd set it publyk meast wer nei hûs. Dy’t ticht bywenje rinne, de kâldklommers mei de auto en de bikkels op de fyts.
Doe’t Aant bij syn fyts kaam wie der ien wol hiel drok dwaande om it kaaike yn it slot te krijen.
“Wat is der oan de hân “frege hij de 49- jierrige Eastereinder.  “It kaaike past net”, sei der.
“Dat wol ik wol leauwe, want dat is myn fyts,” sei Aant
“Nee, dat liichst, dizze is dochs fan mij, wêr is myn fyts dan” frege hij suver ferheard.
Aant docht syn kaaike yn it slot en ferwiisd de Eastereinder nei in fyts efkes fierderop.
“Ferrek ja, dat is Sietske har fyts, dêr bin ik mei kommen.”

Spiler fan it jier
By SDS 1 wurdt der drok striden om “spiler fan it jier” te wurden. De spilers kinne op trainen punten fertsjinje en de geruchten geane dat der ek yn Grins punten ferjûn binne foar “steand sliepe”, “yn ‘e trein sliepe”, ” it snelst karten”, “it measte jild ferspylje yn it casino”, “it minst sliepe” en “snookerje”. It hat oan de stân net folle feroare. Dirk-Yde stiet noch altiten boppe-oan(klik
hjir).

Sponsorjûn
De sponsorkommisje is drok oan ’t wurk om in sponsorjûn te organisearjen. Sy sille in sprekker freegje in wurdsje te dwaan. Wa ’t dizze sprekker wurd is noch in lyts geheimke, mar it sil tige de muoite wurdich wêze.

SDS League
Jim hawwe noch 9 dagen om jim nije team yn te leverjen foar de SDS League. Klik
hjir om in nij team te meitsjen.

Midsimmercup 2006
Mei dit waar sjogge wy al hielendal út nei de Midsimmercup. Dit jier wurdt it evenemint hâlden op 10 juny.

Skoalfoto’s
Wy krigen in tip binnen fan in moaie webside. Op dizze webside steane allegear âlde skoalfoto’s. Je moatte efkes ynfulle dat je út Europa/Nederlân komme en dan wêr ’t je op skoalle sitten hawwe en welke skoalle as dat wie. Dan noch efkes welk jier as je op dizze skoalle sitten hawwe en dan komt der fêst in foto. Fan my wie der net in âlde skoalfoto te finen, mar fan jim sille der fêst foto’s wêze(klik
hjir).

Mopke
Frans zit met zijn hondje naar Cambuur-TOP/OSS te kijken en Cambuur verliest. Het hondje begint te huilen en een man vraagt waarom z’n hondje zo huilt.
“Nou,” antwoordt Frans, “omdat Cambuur heeft verloren.”
“Wat doet ‘ie dan als Cambuur wint?” vraagt de man.
“Weet ik niet,” zegt Frans, “ik heb hem pas drie jaar.”

Letter mear!