Evenementen in december 2022

Wepperkes -freed-
26 januari 2006
Wepperkes -snein-
29 januari 2006

Ôflast
De KNVB hat al it fuotbaljen ôflast. SDS 35+ hoecht dus net te bekerjen en SDS 3, A1, en B1 hoege net foar de kompetysje te boljen.

Giet net troch
De oefenwedstryd fan SDS 2 tsjin VV Oudega 1 giet  ek net troch. De spilers fan SDS 2 hawwe ek gjin trainen. Wol gean wy der fanút dat sy jûn allegear meidogge oan it sealtoernoai foar de senioaren fan SDS.

Giet wol troch
Marcel Frankena lit ús witte dat de oefenwedstryd fan SDS 1 tsjin Nijlân 1 op it kuenstgêrs fan Cambuur al trochgiet. De wedstryd begjint om 17.00 oere. De ûntfangst fan de A-seleksje is op it kompleks fan VV Leeuwarden.

Sealtoernoai SDS
No it fuotbaljen net trochgiet kin der yn elts gefal wol sealfuotballe wurde. Jûn wurdt nammentlik it SDS-sealtoernoai foar senioaren wer hâlden. Eltsenien dy ’t meidwaan wol kin him opjaan by syn leider of by Roel Sybesma 0515-332186. It begjint om 19.00 oere.

Winkelje? Graach!
No ’t in soad mannen hjoed net hoege te fuotbaljen, sille sy wol wer it slachtoffer wurde fan de winkelwoede fan de froulju en moatte sy mei de stêd yn. Foar my gjin probleem. As wy mar nei de selde kleanwinkel gean as 2 wiken werom(klik hjir).

En de winner is….
Justerjûn wie foar it earst yn Jimbar in muzyk/fuotbalkwis. In tige spannende jûn mei in “ferwachte”winner?
Wat sfearfoto’s.

Om dizze byldzjende priis dy’t makke is bij de Iepenbiere skoalle foar praktykûnderwiis yn Snits, waard er striden.


Aant wie der yn slagge om Lowietje van Gaal nei Jimbar te heljen. Dêr troch koe der ek net diskuseard wurde oer de antwurden want Louis hat ommers dochs altiten gelyk.


Fred, Willem en Lolke moasten earst yn 4 ronden útmeitsje wa’t nei de finale gie en dat waard in spannend ferhaal. Fred hie 25 punten en Lolke en Willem beide 24.

 
Mar nei in muzykfragmint fan Clouseau waard Willem de winner en koe hij besykje Fred fan de priis ôf te halden. Dêryn moast ek hij soms wol hiel djip neitinke of missers ferwurkje


De man dy’t sa senuweftich wie en net ôfgean woe waard úteinlik de winner. Dat wie op it kantsje. Want nei de 15 fragen wie de stân 4-4. De reserve fragen moasten de útkomst biede. Fred wie dêryn krekt efkes flugger om de Rolling Stones as lêste antwurd te jaan


Tidens en nei de kwis wie der libbende muzyk fan troubadoer Tjeerd Abma fan Frjentsjer en dat foel tige yn de smaak.

SDS League
Jim hawwe noch 7 dagen om jim nije team yn te leverjen foar de SDS League. Klik
hjir om in nij team te meitsjen. De spilerslist is alwer wat oanpast. ….. binne fan ‘e list. Samaras(HEE) stiet der noch altiten op.

Moeilijk??
It antwurd op ús fraach fan fan ‘e wike oer dy Ryan Jones dy ’t yn ‘e jeugdoplieding fan Manchester United siet tagelyk mei David Beckham is moeilijk te finen. Johan de Graaf en Tsjerk van de Pol hawwe hiel wat muoite dien mar hawwe net it goeie antwurd:
*Ik kom net fjierder dan dat hij bij The Ospreys spielet. (rugbyklub ut Swansea……..) 

Tjerk
*Myn foargeande antwurd wie net goed neffens my. De rygbyer Ryan jones wie foarhinne keeper fan Bristol. Ik fun nog een Ritchie Jones die sunt jannewaris 2006 foar Royal Antwerp spielet. Bedoele jim die miskien?
Tjerk
*Bij deze even wat gegevens over Ryan Jones.
Deze middenvelder is afkomstig uit Wales
Hij is geboren op 23 juli 1973
Heeft 1 interland gespeeld.
Carriëre:
Seizoen 91 – 92 bij Shrewsbury Town.  geen wedstrijden gespeeld
Seizoen 92 – 93 bij Sheffield Wednesday. 9 wedstrijden, 0 doelpunten
Seizoen 93 – 94 bij Sheffield Wednesday. 27 wedstrijden, 6 doelpunten
Seizoen 94 – 95 bij Sheffield Wednesday. 5 wedstrijden, 0 doelpunten
Seizoen 95 – 96 bij Sheffield Wednesday. geen wedstrijden gespeeld
Seizoen 95 – 96 op uitleenbasis naar Scunthorpe United, 11 wedstrijden, 3
doelpunten
Seizoen 96 – 97 weer bij Sheffield Wednesday, maar geen wedstrijden
gespeeld.
Hierna is het spoor kwijt en is hij kennelijk gestopt met voetbal
Met vriendelijke groet,
Johan de Graaf
*Sa as jimme al seine, is dit in swiere puzel.
Myn tredde poging giet oer in spieler die starte is bij Sheffield Wednesday. Ek 1 cap foar Wales. Dernei uteinlik fia Scuntorp belane  by Worksop Town. In elts gefal oant 2003 ta spile er in de Unibond  league. Hy is fan de selde generaasje as Beckham. Ik koe alline net finne at er oait by Manchester spiele hat… Ik hold no op.
Tjerk

Moarn kinne jim hjir it goeie antwurd fine.

Letter mear!