Wepperkes -freed-

Seleksjes foar sneon.
23 september 2005
Wepperkes -sneon-
24 september 2005

Souvlaki, gyros en tzatziki
De leider fan SDS 2, Jan de Jong, is in wike op fakansje nei Grikenlân en kin der sneon dus net by wêze as SDS 2 út nei de Knickerbockers moatte. Lokkich genôch is âld-leider Willem Overal bereid om syn frije sneon op te offerjen foar in middei mei SDS 2. Neffens hearen en sizzen hat der yn syn buske noch noait in ploech sitten dy ’t ferlern hat.

Sy binne der klear foar
PKC ’83 is hielendal klear foar de wedstriid fan sneon tsjin SDS 1. Fan ‘e wike hawwe sy noch oefene tsjin ONT. Dizze wedstriid wûnen sy mei 4-1. Klik hjir foar it ferslach. It liket derop dat SDS foaral tinke moat om de bliksemsnelle Cuneyt Karakaya.
(Mei tank oan www.vvont.nl)

Gjin kommentaar
De froulju dy’t de wykpriis wûn hawwe sjogge net allinne nei de knappe kopkes. Jo kinne ek nei jonges sjen dy’t knap fuotbalje kinne. De knapsten fan de klasse. Mar ja ik wit it, it docht de league baas sear dat dy froulju alwer in wykpriis wûn hawwe.
Anna-Marie

Kompjoeter
Us redaksjelid Metsje Huitema wennet mei Anne Stenekes ûnder ien dak. Sy hawwe in grut probleem. Harren kompjoeter kin alles. Je kinne der op ynternette, spultsje dwaan en stikjes skriuwe.
Wat je der net op kinne is emaile. Op ien of oare wize binne der in oantal ynstellingen ferkeard. Anne is der al dagen en nachten mei dwaande mar it slagget net. Om foar te kommen dat syn fuotbalprestaasjes efterút gean, moat er help fan bûten komme. Metsje kin as redaksje lid net sûnder de email. Dêrom in fersyk: wa kin Metsje helpe om har “ynstellingen”goed te setten.
De redaksje en Anne en Metsje soene dat tige op priis stelle. Maile kin dus net, derom belje harren efkes op (333295)

Foto
De prachtige foto fan C1 dy’t dizze wike op dizze side stie hat wer hiel wat âlde herinnerings op helle. Opfallend wie dat elkenien Arno Eisma gelyk herkende. Der wie sels immen dy’t sei: “Hij sjocht er no krekt sa jong út as doe.” Of sei dy it krekt oars om?

 

PKC 1 – SDS 1

Foar de echte SDS fans, dy’t fan doel binne nei Grins ta te gean  noch efkes it berjocht dat PKC 1 – SDS 1 pas om 16.00 begjint.

Der is fansels neat op tsjin om dochs op tiid nei de Ikea stêd te gean, want SDS 2 spilet om 14.30 tsjin Knickerbockers.

 

Nijtsjes

Je kinne je foarstelle dat wannear Brouwer skilder junior en Brouwer skilder senior bij elkoar steane te fervjen dat it dan hast altyd giet oer fuotbal en meinamme oer SDS. 

It is fansels geweldich maklik foar ús dat se dat dogge bij ús buorlju. Wylst it libbensliet út de boksen skalt en wylst se de ferfkwaste behindich hin en strike, heare wij nei de algemiene beskôgingen oer SDS fan Brouwer en Brouwer.
Sa hawwe wij de kommende wike nijs genôch.

 
Kwis
Op sneon 7 jannewaris 2005 op de nijjiersresepsje fan SDS sil der wer striden wurde om de titel “fuotbalprofessor fan SDS”

Freddy Scheltema en Aant Hofstra binne al wer dwaande mei de tarissingen. Der sille ek dit jier wer trije foarrondes holden wurde op in tongersdeitejûn. (17 nov. 1 des. 15 des.)

Wij hawwe al in oantal kandidaten, mar wolle elkenien dy’t wat mei SDS hat en tinkt in protte te witten fan fuotbal, de gelegenheid jaan him op te jaan.

Opjaan kin bij Fred of Aant en fansels fia de mail.
Lolke Hofstra, de titelhâlder, hat him al pleatst foar de finale.

 

Arveladze
Begjin dizze wike stelden wij de fraach oer de broer fan Shota Arveladze. Wij krigen ferskillende antwurden binnen.
Hjir binne se:

 

Ruurd Boorsma : De broer van Shota Arveladze is Archil Arveladze

Volgens mij voetbalt deze speler niet meer, maar zit hij in het bestuur van Dinamo Tblisi, zijn oude club.

Sjoerd van Beem:It giet hjir om Archil Arveladze en dy ballet tsjinwurdich foar Lokomotive Tiflis. 

Gearard Posthumus: Archil Arveladze. Spilet no by Lokomotiv Tbilisi.

Marco en Lys: Archil?

Willem Wijnia: Archil hat foarich jier noch foar Lokomitiv Tblisi fuotballe en hat him dêrnei neffens my op it begelieden fan spilers smiten.

Bote Strikwerda: sjoch disse link mar ris, syn namme wie archil arveladze en hij spilet bij Lokomotive Tiflis

Wicky: Dat wie Archil Arverladze en hy spiele doe bij NAC.

hy foutballet no net mear en hat yn Georgie in eigen bedriuw opsetten.

Jaap Jaarsma: archiel

Dirk Stoelwinder: Shota heeft twee broers: Archil en Revas, die beide profvoetballers zijn.

Alleen Archil heeft in Nederland gevoetbald, bij NAC.

Volgens mij speelt Archill op dit moment bij Lokomotive Tiblisi, in ieder geval afgelopen seizoen. Daarbij heeft hij ook een eigen voetbalschool, dus ik neem aan dat hij het daar momenteel druk mee heeft.

De antwurden  wize allegear yn de selde rjochting. It aardige is dat doe’t wij dizze fraach betochten yn de kantine rûn de hege tafel, dat wij it antwurd sels net wisten. Wij witte it no dus. Foar de wissichheid hawwe wij efkes in mailtsje stjoerd nei syn broer bij AZ, en hoopje dêr it krekte antwurd wei te krijen. Wij wachtsje dus ôf.

Letter mear!