Wepperkes -freed-

SDS League: Wommelser wint!
3 mei 2007
Wepperkes en útslagen -sneon-
4 mei 2007

SDS 1 derop út
Fanmiddei sille de fuotballers fan SDS 1 derop út. Sy wurde om 17.00 ferwachte foar by de Jimbar op de fyts. Sy sille dan nei Slachtehiem te fiskjen. Wa der meigiet moat efkes maile nei Anne Brouwer sadat hy wit hoefolle minsken der meigean en angels regelje kin(klik hjir foar syn mailadres). De spilers moatte freed ek efkes de gele sjurts en de swarte jaskes ynleverje.

SDS 3 2e?
SDS 2 set alles op alles om 2e te wurden yn de kompetysje. Sy hawwe dêrfoar noch ien puntsje nedich. Sy sille it al dreech krije, want sy sille dat puntsje pakke moatte út by kampioen SC Franeker 2. Dizze spilers moatte it moarn dwaan:
Jappie,Sjoerd v Beem, Frank, Wouter, Jentje, Jeroen, Ruurd, Wichard, Jildert, Anco, Bote,Gerlof,Hjalmar,Tymen en Lieuwe.
Grinsrjochter: Appie
Fertrek om 13.00 uur út Easterein

Neikompetysje(1)
SDS A1 makket him klear foar de neikompetysje. Folgende wike sneon spylje sy fanôf 17.30 yn Balk in toernoaitsje mei De Swaech A1 en JV Bolsward A1. Mocht SDS A1 hjir 1e wurde dan moat der op 19 maaie noch in toernoaitsje spile wurde. Folgende wike kinne jim hjir it eksakte programma fine.

Neikompetysje(2)
SDS 2 makket him ek klear foar de neikompetysje. Folgende wike sneon spylje sy thús tsjin de winner fan SC Lycurgus 2 – Minnertsga 2 en wyks dêrop moatte sy út. Winne se dit dan spylje sy op sneon 26 maaie yn de finale op neutraal terrein tsjin de winner fan de “oare” neikompetysje dy ’t giet tusken CVVB 4, SC Genemuiden 4, Hardegarijp 2 en Drenthina 2.

2e ophelronde Wommels
Ofrune sneon tusken 10.30 oere en 12.15 oere binne de A-junioren fan SDS Wommels trochwest om de giele formulieren fan de aksje foar it nij te bouwen ferieningsgebou yn Easterein op te heljen. Trochdat net eltsenien doe thus wie sille de leden yn Wommels binnen no en in wike wer benadere wurde om it formulier yn te leverjen. Dus hald it giele briefke gereed en steun de aksje!!
Alfêst tige tank!
Aksjekommisje Skoalleseize

Braamhaar
Ôfrûne tiisdei krigen 15 jeugdige SDS’ers in skiedsrjochterskursus fan Eric Braamhaar. Wy hawwe noch wat foto’s lizzen dy ’t jim yn de kommende Treffer sjen kinne en(as ik tiid haw) hjir ek.

Braamhaar mei de slagge kursisten.

Liverpooooooooooool
Noch efkes spesjaal foar de familie Scheltema(klik hjir en dan hjir).

Van der Gijp
Fansels wie dy earste goal fan Alves snein tsjin Feyenoord unyk. Sa ’n ein fuort, sa hurd, sa wichtich. Dochs moatte de âldere Heerenveensupporters harren heuge kinne dat sy ea earder sa ’n goal sjoen hawwe. It wie René van der Gijp yn it earste seizoen fan SC Heerenveen yn de eredivisie dy ’t hast fanôf de middenline in frije traap keihurd yn de krúsing skeat. Fanôf Vak Noord sjoch ik de bal noch fleanen. Jammer genôch gjin bylden hjirfan op ynternet te finen. Dan noch mar in kear Alves(klik hjir).

Letter mear!