SDS League: Wommelser wint!

SDS Froulju wûn fan Tzum!
3 mei 2007
Wepperkes -freed-
4 mei 2007

De …(hoefolste eins?) edysje fan de SDS League is wûn troch…….Lolke Hofstra. Nei ferskeidene 2e plakken yn de SDS League is it him no eindlik slagge om de haadpriis yn de wacht te slepen. In moaie opstekker dus foar syn “24 aug. Wommels boppe!” Fan herte lokwinske!


Lutske de Jong út Lollum pakt dizze lêste wike de wykpriis noch efkes. Mei har “Toppertjes” komt sy noch krekt yn de top 10 fanôf it 24e plak.

“Deze slag wordt jullie ondergang” fan Henk Postma is it AZ fan de SDS League wurden. Op de lêste spyldei sakje fan 1 nei 3. Dy lêste slach waard úteinlik syn eigen ûndergang.


Mei it 5e plak hat “Blinde tyfushond” fan Freddie en Sicco Scheltema it dizze SDS League wol goed besjoen. Mar om earste te wurden riede wy foar de folgende SDS-League dochs in nije bril oan. Miskien moat de Ajax-bril mar ris ôf……

It koe ek net oars dan dat Johan Postma krekt bûten de prizen falle soe. Mei “Anti-010” hellet der krekt de top 010 net en eindigt der 11e.

It koe fansels net oars dat “P. van P.” fan Pieter Lieuwe van der Valk de poedelpriis pakt. Hy eindigt stiif lêst. Spesjaal foar him de poedelpriis, in SDS-handdoek om lekker mei te “poedeljen”.

Sjoch hjir foar de einstân: wike 10.