Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei –
13 april 2005
Seleksjes SDS 1,2,3,4 en 5 foar moarn.
15 april 2005

Foto

Dit binne yn elts gefal Jelle de Boer, Piet de Jong, Wim Bakker, Henk Walda en Klaas Okkema. Ien fan dizze mannen skoorde op 25 september 1978 tsjin Broekster Boys(!).
Wa kin sizze wa ’t de man dy ’t it fjild ynrint en wa leit der noch mear op ‘e grûn? Mail it nei
info@vv-sds.nl.

Het ABJacob-Klaas…….
Gisteravond voor de training riep Klaas Dijkstra de gehele 1e selectie bij elkaar voor een kort onderhoud. Hij refereerde hierbij naar de wedstrijd van afgelopen zaterdag tegen Zeerobben waarbij 4 gele kaarten vielen en de spelers die die kaarten ontvingen stonden allemaal op scherp,dus een schorsing zou het logische gevolg zijn. Echter alleen Wichard is voor aanstaande zaterdag geschorst en Gert-Jan,Robert en Tjipke-Klaas niet. Een ieder was hierover toch wel wat verrast maar Jacob-Klaas kwam met de heldere gedachte dat de KNVB de schorsingen op alfabet had doorgevoerd en omdat de W van Wichard voor G,R EN T in het alfabet stond was dat de reden voor de schorsing. Ik vond dit wel het vermelden waard, Jacob houdt er een ander alfabet op na dan ons zeker.
Groet WD

Skorsing
It antwurd op de fraach oer skorsingen is al jûn troch de geskorste sels. Allinne Wichard kin dizze 151ste wedstryd fan SDS yn de twadde klasse net meimeitsje yn it fjild. Wol oan de sydline fansels. Mar hoe sit dat no mei dy ferûnderstellingen dat sommigen ek op skerp stiene. Is it mooglik sa dat de lieder it alfabet wol kin mar net goed telle kin. 1/2 + 1 + 1 + 1= 4 ?????

De Skoalleseize hat it mar drok
Kommende sneon is der wer aktie op it sportpark.
Ûnder oaren de dophokkers sille dan de snoeide takken hakselje. Dus pas op foar runslingerjende snippers.
Fierder geane we kommende wike wer fierder mei kabels yngraven nei de kantine en de boxen.
Ek sille we kabels lizze foar de takomstige verljochting langs it paad nei de kantine.
Bestuur “stichting Skoalleseize”

Evert Tanja
Wa kin dizze fleurige strjitmakker út Easterein net? De man dy’t nei in koarte fuotbalperioade ynseach dat er foar him folle mear út te heljen wie. De nije Colina woe hy wurde dy’t ynternasjonale thúswedstriden fluitsje koe.
Mei faasje gie hy op kursus en binnen gjin tiid hat hy it BOS diploma. Dêrfoar moast hy de wedstryd Balk A1 – Nok A1 fluitsje en hy bewees dat hy dizze 22 Gaasterlandske jonges mei gemak oankoe.
No’t hy it papierke hat, mei hy neist SDS 5 ek ien helte fan SDS 4 fluitsje. Sjoerd Postma is dus warskôgje  foar dit talint.

Neffens syn eigen sizzen mei hy D2 ek fluitsje en sil der dispensaasje oanfrege wurde foar D1.

Wy winskje dizze nije Colina in protte sukses.
hspace=0
Neist stiennen lizze is Evert ek goed yn muorren bouwe.

Jumbo
By SDS fuotbalje in protte Jumbo-boys. (Hindrik, Gerrit, Sjoerd, Mark, Henk) Wy kinne ús wol foarstelle dat je der op tiid efkes tusken út wolle. Want yn de winkel wêze is ek net alles. Sjoch hjir .