Wepperkes -tongersdei –

Wepperkes -woansdei-
13 april 2005
Wepperkes -freed-
15 april 2005

Futsal: SDS 1 wint mei muoite
SDS 1 die fannejûn goeie saken yn de striid tsjin degradaasje. Sy wûnen thús mei 6-2 fan Workum. Konkurrinten ONT/CHZ en Golden Oldies hawwe dizze wike beide ferlern(sjoch hjir).
It wie in drege wedstryd fan SDS tsjin Warkum. SDS kaam sels mei 1-0 efter. Nei de 1-1 fan Robert lukte it mar net om ôfstân te nimmen. By de rêst stie SDS mei 3-2 foar. Yn de twadde helte krige Workum noch inkelde lytse kansen. Doe ’t it ien kear 4-2 waard wie de wedstriid spile. SDS rûn nei inkelde counters noch út nei 6-2. Dit hienen noch wol gruttere sifers wêze kinnen as Feite, Harm, Robert en Anne allegear it net rekke hienen ynstee fan de peal. Feite rekke sels beide pealen mei 1 skot.

Doelpunten: Robert 3, Anne, Tsjipke 2.
Moandei spilet SDS 1 op Urk tsjin Urk 2.

Futsal: SDS 2 spilet lyk en SDS 3….
5-5 is de einstân wurden. We kamen noch mei 5-4 efter en doe makken wy noch geliik.
Doelpunten: Pieter 1, Tsjeard H 1, Marten 1, Skelte 2.
groeten Skelte.
SDS 3 spile tsjin Heerenveense Boys. Útslach?(info@vv-sds.nl)

SDS D1 spilet gelyk
SDS D1 spile woansdeitejûn in ynhelwedstryd tsjin QVC D1. De Starumers wiene oer it ginneraal in kop grutter, mar dochs wist SDS stân te hâlden. 0-0 wie de einstân op it tige wiete fjild.

It wie aardich wiet wurden yn it doelgebiet troch de reinige woansdei


D1 nimt in frije traap, mar skoort net


De doelman fan QVC bringt ek no rêding

150 wedstriden 300 punten
SDS 1 hat foar dit seizoen 132 wedstriden spile yn de twadde klasse. Dat binne 6 seizoenen (mei in ûnderbrekking). Sy hiene dêryn 168 punten helle.
Oant no ta hawwe se 18 wedstriden spile en 32 punten helle. Mei oare wurden. Totaal 150 wedstriden en 200 punten.
Dit feit krigen wy troch fan Jan Frederikstad de Jong. Hy hie noch in oantal sifers oer it optreden fan SDS yn de twadde klasse, mar dêr komme wy letter op werom. Hopenlik nei it wykein.

Frouljusfuotbal?
Wy hawwe oan ’t no ta ien reaksje krigen op ús oprop om te sjen as frouljusfuotbal takomst hat by SDS.
Goeiejun,
Ik bin wol erg geintereseert yn n dames olvetol, ik wie ek de gene die t mailtsje verstjoerde…
Neffens mij sjoche dr net folle froulje op de side van sds, dus ik toch miskien is het handig at jimme ergens n poster of iets dergelijks ophingje op plakken wer folle minsken komme…
Groetnis Petra Hooijenga.
Wa wol dit op him nimme? Mail it nei
info@vv-sds.nl

Hout
De beammen binne der wei. It hout bliuwt oer. Yn oerlis mei Abe Jan Stegenga (klik hjir)is it bestimd foar de leafhawwer. Spierballen binne nedich, want se binne betiden net te huffen. Hjir it berjocht fan de Skoalleseize:
Nadat vrijwilligers van de Stichting sportveldenbeheer Skoalleseize afgelopen zaterdag driftig aan het snoeien zijn geweest, is er een grote hoeveelheid haardhout los gekomen.Om enigzins uit de kosten te komen is besloten dit hout voor een mooi prijsje aan te bieden. Zijn er dus liefhebbers voor een karretje vol hout dan kunnen zij komende zaterdag vanaf 8.00uur dit ophalen bij het kleine trainingsveld in oosterend. De vergoeding voor dit prachtige hout bedraagt € 25,= per kar vol, waarna dit bedrag zal worden  besteed aan verbetering van de velden.
Bestuur stichting Skoalleseize.

De goal kin net yn ‘e iepen haard….

Moai kado!
Begjin dit jier hawwe wy as Trefferredaksje ôfskied nommen fan Hinke Kuiper as redaksjelid. Op ‘e foto hjirûnder kinne jim it kado sjen wat sy fan de Trefferredaksje krige.

Dy kin moai op ‘e sliepkeamer hingje.

Marcel Frankena
Wy hawwe no al ferskeidene foto’s sjoen fan Marcel Frankena, de nije trainer fan SDS 1 foar folgend seizoen. Sa seagen wy ien mei in grutte fisk en ien fan him nêst de dug-out fan SDS 1. Skelte Anema tipte ús oer de folgende foto fan Marcel Frankena op it ynternet. Dizze foto stie op de webside fan Broekster Boys(??!). It giet dan om de Voetbalschool Broekster Boys(klik hjir).

Marcel Frankena wurdt útspile troch de jeugd fan “de broek”.

Henk Timmer 2!
SDS hat syn eigen Henk Timmer. It is Jan-Peter Bootsma fan SDS F1. Hy hat de útstrieling fan in tiger, stiet as in wylden te keepen en skelt syn ferdediging hielendal skeef as sy in man rinne litte(!?). Op 6 maaie giet hy nei de lannelikse keepersdei yn Rosmalen. It sil ús benije….

Jan-Peter docht wat hy eltse wike as earste docht as hy it fjild opkomt. Hy set in streep yn it midden fan it doelgebied.

Hawwe jim noch wat te melden, mail it ús:
info@vv-sds.nl