Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
8 maart 2007
Seleksjes 10 maart
9 maart 2007

Oflast
Wij krije no al troch dat der moarn ien wedstryd net troch giet. Workum E2 – SDS E 2. Der is te min romte op de fjilden yn Warkum

Nije trainer B-seleksje

Foar folgend seizoen hat SDS in trainer fêstlizze kinnen foar de B-seleksje.  It giet om Hylke Schrale út Ljouwert. Hy sil kommend seizoen de B-seleksje 2 kear yn ‘e wike traine en op sneons mei it 2e mei as koach.
Wy kinne jim net in soad ynformaasje jaan oer dizze nije trainer. Allinnich dit stie op de side fan Voetbalnoord(klik
hjir). Wa kin ús mear fertelle? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Seleksjes
It wie justerjûn wer in hiele toer om alle seleksjes foar sneon klear te krijen. Wy hoopje jim letter hjoed de seleksjes al kenber te meitsjen.

45 jier troud!
Sytze en Thea Kooistra binne hjoed 45 jier troud. Fan herte lokwinske!!


Blessures
Al mei al binne der aardich wat spilers fan SDS blesseard. Feite(earmtakke), Tsjalling(ankel), Hendrik de Jong(knibbel), Jeroen(knibbel), Gerrit Terpstra(knibbel), Willem(knibbel) en Trienus(ankel) û.o. Wa kin ús fertelle hoe lang as dizze minsken noch útskeakele binne en wa’t wy noch ferjitten binne? Mail it nei
info@vv-sds.nl.

Futsaljûn
SDS 1 spilet jûn in drege útwedstryd yn Harns tsjin Exstador. De wedstryd begjint om 20.10.

Rentree
Feite de Haan lit witte dat hy hersteld is fan syn knibbelblessure en dat syn earmtakke ek wer klear is. Hy is 2 wiken lyn operereard oan syn earmtakke. Hjoed mochten de hechtingen derút en jûn makket hy syn rentree yn de seal by futsal 1. Folgende wike sil hy wer los op it fjild.

Catan 2007

Ofrûne snein wiene de iepen kampioenskippen Catan. Dit barren wie yn Jimbar. Nei hast 12 oeren catanne waard Pytrik Hiemstra de winner. De twa langtinkers, Sjaarda en Zeinstra waarden twadde en tredde en Anne Stenekes, Marco Hoekstra en Liesbeth Huitema sieten wol oan de finaletafel mar kamen net op de winnerskruk te sitten.

Froulju sille oefenje
Kommende woansdeitejûn sille de froulju fan SDS harren earste echte oefenwedstryd spylje hawwe wij begrepen. Neffens ús bron spylje se tsjin de froulju út Boalsert. Sukses froulju en wij ferwachtsje seker ek fan jim in lyts ferslachje.

Ticht
Op sneon 17 maart is dizze kantine foar it lêst iepen. Dat moat fansels wol fierd wurde. Wij hawwe begrepen dat nei de wedstryd tsjin BCV der muzyk yn de kantine is. Jan Bouke sil tapaslike platen draaie.
At jim in idee hawwe wat hij draaie moat dan kinne jim ús maile. Dit binne de adressen

Iepen
In wike letter is it nije ûnderkommen iepen. Ek dan binne jim fansels fan herte wolkom.


Letter mear!