Wepperkes -freed-

Futsalnijs (tongersdei)
10 november 2004
Seleksjes SDS 1,2,3 en 5.
12 november 2004

SDS 2 wint fan HJSC
SDS 2 hat juster de oefenwedstriid tsjin HJSC op it biljertlekken yn ‘e Hommerts mei 6-0 wûn. Hjir it skoreferrin:

– 0-1 Henk sjit frije traap yn ‘e fierste hoeke.
– 0-2 Stefan kopt korner binnen by de earste peal.
– 0-3 Jan-Simon kopt korner binnen by de twadde peal.
– 0-4 Anne skot fan de 16 stiif yn it krús.
– 0-5 Mark rebound.
– 0-6 Henk stiffie.
SDS 2 moat sneon om 12.15 oere thús tsjin Heerenveense Boys en liket hjir klear foar. HJSC stiet sneon de drege derby tsjin TOP ’63 te wachtsjen.

Futsal: SDS 2 makket wereldreis
SDS 2 hat woansdeitejûn mei 10-2 ferlern yn en fan Urk. De goals foar SDS waarden makke troch Dirk-Yde en Tseard H.(nei 10-0 efterstan!!). It fuotbaljen wie dreech mar de weromreis wie noch folle dreger. Weromreis tochten sy net efterinoar ride te hoechen en sa makken alle trije auto’s in grutte tocht troch Noord-Nederlân foar as sy lokkich genôch dochs wer feilich, mar strontlet, thúskamen.

Ald lit jong winne
Op tongersdeitejûn traine SD3,4 en 5 meielkoar. Meastal spilet âld tsjin jong. Ald wint hast altiten. Ôfrûne tongersdei  wiene der dochs noch 8 jonkjes en dat wie in hiele prestaasje want leeftydsgenoaten rûnen by de doarren lâns mei in lampionnen.

De 7 âldere spilers woene dit op wearde skatte en besochten fan alles om de jonkjes “ûnopfallend”  winne te litten. Sa waarden der twa lege ballen klearlein, sadat de technyk fan  “âld” net ta syn rjocht kaam, der waard krekt dien of wie der ien ljochtmêst stikken, sadat sommige âldsjes mei minne eagen op de taast fuotballe moasten en der waard in party foarm spile wêryn snelheid wichtich wie.

It plan slagge. Jong wûn trije kear en alhiel optein sieten sy yn de klaaikeamer te genietsjen. Ek ûnder de brûs fansels mei Zwitsal poppesjampoo, want dy prikt net yn de eagen, hiene se de measte lol. En ald siet er “ferslein” by.

Hulde foar Gerlof, Gearard, Gerlof Jan, Ronny, Rinse, Jeroen, Pieter Lieuwe en Jacob Sjirk.

 

QVC 1 – SDS 1
Moarn reizget SDS 1 ôf nei QVC. Wy seagen al fêst efkes op harren thússide en fûnen al in foarwurd. Neffens de Starumers giet it om SDS en QVC mar ek om Leo Pruis en Hendrik de Jong. Beide steane mei 8 doelpunten boppe-oan yn de twadde klasse K.

Wat ek nijsgjirrich is de namme QVC. It skynt fanút it ferline in kombinaasje te wêzen fan twa klups. Quick út Starum en de Valken út Warns. Wa wit wannear dizze klups byelkoar kommen binne? info@vv-sds.nl

(Klik hjir foar de nije webside fan QVC)
 

Opstellingen
Jim binne wend dat er freeds seleksjes bekind makke wurde op dizze side. Tongersdeitejûn wie it allegear wat oars as oars. Durk Okkema, dy’t dit altyd fersoarget wie wat letter. Evert fûn dit net leuk, sadat hy sels stappen ûndernaam. Dêrom op fersyk fan Evert de seleksje fan SDS 5:

Pieter, Evert, Pieter Lieuwe, Piet, Tsjalling, Rinse, Gerlof Jan, Willem, Bas, Gearard, Paulus, Geert, Johannes (siik) en Bas.

De skiedsrjochter is noch net bekind. Wy tinke dat frijwilligers sich melde kinne by Evert.

 

Fraach fan Jan Keuning
By de wepperkes fan woansdei stie in fraach fan Jan Keuning. Twa antwurden binne der binnenkommen op de fraach wa’t samar tidens in wedstriid de boks yn draafde en syn broek ferruile.
Neffens Durk Okkema wie it Lolke Okkema
Neffens Friso Albada woe it Hendrik Okkema of Klaas Okkema.

Dat it in Okkemstreek wie, liket wol dúdlik. Wa hat noch mear in miening. Mail nei info@vv-sds.nl 

 

Oefenje
It fjild yn Wommels wurdt er net better op troch al dy trainingen. Dêrom sykje SDS 1 en SDS 2   harren heil wat mear yn oefenwedstriden. Bekind ûnderwilens:

Tiisdei 16 novimber: Harkema Opeinde 1- SDS 1
Tongersdei 18 novimber: Balk 2 – SDS 2

Tongersdei 25 novimber: Be Quick Dokkum 1 – SDS 1

Moandei 29 of tiisdei 30 novimber: Ouwe Syl 1 – SDS 1 (plak noch net bekind)

 

Wat bedoelde Robert?

Robert Sijbesma stuts de finger omheech tidens de wedstriid SDS-Zeerobben.Wy fregen ús ôf wat Robert bedoelde. De lêste reaksje kamen fan Johan de Graaf en Jan Stenekes. Wy sille Robert sels freegje wat hy bedoelde.


Johan de Graaf fynt:
Neffens my hat Robert een foarfielen fan de wedstriid en sjocht hy al een goal fallen. Hy ropt gewoan: en dat is IEN!

Jan Stenekes seit:

Volgens my hat de tsjinstander tsjin Robert sein dat der net sa lekker roekte, derom spuitet Robert op dizze foto efkes wat rukersguod ûnder syn rjochter oksel.

 

Skelte Anema mailt ús:
Ik tink dat Robert reagearre op de oprop fan Hendrik dy’t syn tas kwyt wie.
Hij stekt syn finger op omdat hy de tas meinommen hat.

 

Hendrik Engbrenghof dy sjocht it sa:
Hij bepaalt hoe sterk de wyn is om ferfolgens sa mij san zak’kalkulator ût te rekkenjen hoe hurd hij skoppe mut om de bal perfekt op de latte te lizzen

 

Fan Jan Keuning heare wy gelokkich ek wer wat:
Robert sil al as net wat freegje wolle oan de skiedsrjochter

 

Ozzy hat ek in miening:

Ik tink dat hy pisje moat, Hy hat de knibbels al stiif tsjin elkoar.
Sa is’t op ‘e foto te sjen.
 

Anco Elgersma skriuwt ús:

ik tink dat Robert een kennis efter de achterline stean sjocht en efkes de tiid nimt dy te groetsjen, sosjaal man dat der is. Hy sjocht dat Hendrik en Feite harren wol rêde mei de tsjinstander…….

50 Gerard_cent skriuwt:
folgens mij is dit een nije en keurige manier om wat te freegjen oan de skiedsrjochter!!!