Futsalnijs (tongersdei)

Wepperkes -woansdei-
10 november 2004
Wepperkes -freed-
12 november 2004

SDS 1 nimt “revanche”
SDS 1 hat juster syn thúswedstriid tsjin Friesland 1 mei 5-0 wûn. Dit mocht ek wol want Friesland stie mei 0 punten ûnderoan yn ‘e 1e Klasse. Dochs wie it seker net in makkie.
SDS wie der net gerêst op dat sy dizze wedstriid efkes winne soenen. Robert Sybesma is skorst en de lêste kear dat SDS 1 tsjin Friesland 1 thús fuotballe waard der mei 0-10(!!) ferlern. Dit is de grutste nederlaach fan dit sealteam oait.
SDS fuotballe justerjûn knap. Harm fuotballe super en wie op net in fout te betraapjen. Feite wie net te passeren, Jan Simon pakte alles, Peter wie hieltiten gefaarlik, Tsjipke wie de kaai tusken de ferdediging en de oanfal, Anne kontroleare en Willem wiksele wereldaksjes ôf mei stom balferlies.
Foar SDS skoorden Willem, Harm (3x) en Peter. Folgende wike spilet SDS 1 foar de beker út tsjin WMC yn Winschoten.

De coach fan Friesland de tsjinstanner wie de hiele wedstriid posityf. Mei roppen en razen besocht hy de Ljouwerters by de les te hâlden. Mar it  slagge mar net. Hy bleau lykwols hieltyd it selde roppen.


SDS 3 ferliest yn ‘e Lemmer
It tredde hat juster mei 5-4 ferlern fan Lemsterland 2. Der wiene twa goals fan Ferry, ien fan Jacob en ien fan Johan. SDS 3 hat lyk besletten om syn team te fersterken mei Johan Dotinga. Hy komt eltse wike mei Pieter (no blesseare) en Pieter mei út Snits.

SDS 2 fan Urk
As it goed is hat SDS 2 juster op Urk fuotballe en binne sy ynmiddels wer thús. Wy binne benijd hoe ’t sy it dien hawwe op Urk. Mail it ús:
info@vv-sds.nl