Wepperkes -freed –

Wepperkes -tongersdei-
1 september 2004
Noch mear freedwepperkes
3 september 2004

Opstelling
Wy begjinne goed. De seleksjes fan kommende sneon binne ús trochjûn. Der sit gelyk al wer in ferassing by,  mar dat moatte jim sels mar útsykje.


Earste: Marten, Floris, Tseard, Henk, Wichard, Feite, Kees, Harm, Gert-Jan, Tjipke-Klaas, Hendrik, Durk-Yde, Robert.

 
Twadde: Jeroen, Harm-Auke, Auke, Gerrit, Arnold, Jan-Simon, Pieter, Syb, Frank, Gerrit, Jappie, Dennis, Skelte, Mark.
 
Syklik: Jos, Stefan, Ruurd.
Keatse: Jacob-Klaas.
 
Reade kaart
Wy witte net atjim it  fanne wike op teletekst lêzen hawwe, mar it is no yn it amateurfuotbal sa dat at je in reade kaart krye binne je automatysk skorst foar de folgende wedstryd en komt de útspraak fan de tuchtcommisie letter.
 
Dit is neffens ús it gefolch fan de affaire Gert-Jan. Hy moast neffens Be Quick skorst wêze tsjin Bolswardia.
 
Dizze regelferoaring is makke ûnder druk fan Jorien van den Herik, Ruud Gullit, Ron Jans en Fred Scheltema want dizze minsken ha in gearkomste belein yn de Kuip en dan wurdt der fansels praten oer SDS.
 
Gesellich
Tongersdeitejûn sitte de lieders byelkoar om de alvetallen gear te stallen. Soms in drege taak mar wol altyd gesellich. Ofrûne tongersdei wie de earste kear wer. In anekdote.
Evert mocht de Wagenaars skilje.
 
Ronnie: Ja
Evert: Het is met incassobedrijf hoekstra er staat nog een rekening van u open.
R: Waar mut dat weze dan
E: Bij de Wrede in joure, u hebt daar een kast gekocht.
R: Ach man rot op daar ben ik nog nooit weest.
E: O dan moast sneon mei it tredde mei, kertier oer ienen fuort en nimst dyn broer ek mei.
R: We benne der
 
Liederspraat
Anne Brouwer is lieder fan it earste. Tsipke Klaas Okkema is spiler fan it earste.
Klaas Okkema is lieder/trainer fan it twadde. Jeroen Brouwer is spiler fan it twadde.
Dan krije je op tongersdei sa’n ôfspraak fan Anne:
At Jeroen der úthelle wurdt dan wurdt Tsjipke der ek úthelle
 
 
Godlik lichem
De earste reaksjes oer it Burggraaff sjurt binne binnen. It giet  om of Ype Tiemsersma of Eddy de Boer neffens de ynstjoerders. Wy wachtsje noch efkes mei it goeie antwurd.