Wepperkes -tongersdei-

Tjeerd seit tsjin Ype
31 augustus 2004
Wepperkes -freed –
3 september 2004

Nije sjurtsponsor
SDS4 spilet dit jier yn nije sjurts. Boubedriuw Burggraaff soarget er foar Ype en ploechgenoaten der kreas byrinne. Sneon is it earste optredn yn Achlum. Wy sochten al fêst in godlik lichem op om it sjurt te passen. Hy wie gelyk entoesjast en wie seker fan doel te skoren sneon. Wa dit is? Mail it nei info@vv-sds.nl

F1 Dreamteam
Eindelijk de 1e wedstrijd van F1 na 3!!! afgelastingen
SDS F 1 – Makkum F1 3-0

SDS1 futsal
De bekerwedstriid tsjin Terschelling is einige yn 5-5. Nei strafskoppen waard SDS winner.

Kransen
De Broersma hawwe der wer in krans byhelle op de Littenser merke. Moarn sjogge wy wat dit foar gefolch hat. Mei noch ien dei te gean liket it foar de Okkema’s goed.

E4
De earste kompetysjewdestriid fan E4 giet sneon net troch. Yn oerlis útsteld ta neijere datum.

Utslach C1
Us oprop foar mear útslaggen fan de Jeugd levere yn alle gefallen ien reaksje op. Klaas Pompstra skriuwt:

Tamme wie juster mei trije memmen nei it fjild yn Boalsert.
Dit hat al holpen seker want de mannen fan C1 ha wûn mei 9-1 fan RES C1.
 
In oanfullend ferslach fan Klaas Pompstra:
Ik wie dan net by de wedstriid, mar ha hjoed by de wedstriid fan A1 – Stormvogels A1 (1-1) heart hoe it gien is. Tamme wie tige ynnommen mei de prestaasje fan de jonges. Dizze lêste bekerwedstriid waard wûn mei 9-1 troch goed fuotbal en in skoarende spits, Doede Kooistra mei 3 doelpunten. En derneist ferskate assists fan dizze spiler dy yn foarm begjint te kommen. It hiele team draaide goed. Folle better as tsjin Oeverzwaluwen (1-5). Goed fuotbal, mei prima posysjespul en kombinaasjes en der waard ek hurd wurke. De prachtige nije shirts fan stiper Leanbedriuw Rispens út Itens ha der fêst wol oan bydroegen. Eltse spiler kin hast op elk plakje spylje. De opstelling foar de kompetysje binne wy wol út no. Wy, en ek de spilers, sjogge út nei de 2e konfrontaasje mei Oeverzwaluwen, no sneon yn Koudum!
 
Roke
Der mei yn de kantine fan de Skoalleseize net mear rookt wurde foar 12.00 oere middeis. It stiet dúdlik oanplakt. Foar de jeugdfuotballers is dit in ferademing, soene je sizze. At dat foar de âlders ek mar sa is.
 
 

Oflast
Tjeerd Dijkstra is lieder fan de B-s. Hy moast tiisdei mei de ploech nei Skearnegoutum. Dêr oankommen die bliken dat it net trochgie. Skearnegoutum hie it hiele wykein besocht SDS te ynformearen mar dat wie net slagge.
Tjeerd reageert mei de wurden: Och dan skriuwe wy dochs 0-3 op?
“Nee, is it antwurd, dat dogge wy net mear yn Skearnegoutum.”