Noch mear freedwepperkes

Wepperkes -freed –
3 september 2004
Famylje Okkema wint
3 september 2004

Traine en brûze.

Der wurdt al in oantal wiken (hurd) traind yn Wommels. Nei ôfrin wie der lykwols net in lekkere brûs. Kommende wike kin der ek brûsd wurde yn Wommels, sa lit it bestjoer ús witte.

 

Ljocht
It trainingfjild efter de sporthal is noch net klear foar hurdtrainende senioren en like hurd trainende junioren. Dêrom bliuwt it trainen yn Wommels foarlopich bestean. Kommende wike sille der ljochtmêsten pleatst wurde.  Foar Drees Haitsma is dit goed nijs. Hy hat no hast alle jûnen efkes in loopke nei it fjild.

 

Lichem
Hindrik de Jong skriuwt: it is ype tymersma!!

Wichard Deinum skriuwt: dit moet het strakke lichaam van Eddy de Boer zijn.

Sjoerd van Beem skriuwt: Ik tink dat dit goddelike lichem fan Eddy de Boer is, altiid goed foar in protte goals en it nediche gewicht yn’e striid!

 

Wy moatte erkenne dat ien fan dizze twa is. Wy wolle dochs noch in pear reaksjes hawwe. Mail nei info@vv-sds.nl

 

Traine
Kommende tongersdei 9 septimber traint SDS 3, 4 en 5 en wer yn Easterein. Undanks dat de opkomst prima wie ( ek fan de Eastereinders ) moatte se romte jaan oan SDS 1 dat it hiele fjild nedich hat.

 

Nederlân- Tsjechie

Kommende woansdei is de wedstriid Nederlân-Tsjechie yn Amsterdam. De Knvb hie frege oan klups om webmasters te nominearen om dizze wedstriid by te wenjen.

11 webmasters út it hiele lân  binne útkeazen om as eare gast dizze middei en jûn mei te meitsjen.

Wy (dat binne Rienk en Aant) hiene Willem nomineard en wy binne der tige grutsk op dat Willem útkeazen is. Wy sille mei oandacht dizze wedstriid sjen en mei namme sille wy lette op de bobo’s. Want dêr sit hy (mei Richt?) dan ek tusken.

Optimisme
Cab en Bolswardia hawwe mei de jeugdôfdieling de lapen gear smiten. JV Bolsward hie in B3 ynskreaun. Dy siet by B2 fan SDS yn. Siet. Want it docht no bliken dat B2 fan SDS sneon frij hat. JV Bolsward is der al wer út.