Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
3 oktober 2007
Utslaggen 5-10-2007
5 oktober 2007

Seleksjes
As Aant de seleksjes foar moarn trochkrigen hat dan sille sy hjit hjoed wol ferskine. Ik haw allinnich gjin idee hoe let.

Helaas
Aant hat gjin seleksjes trochkrigen. Werom wit hij net. Allinne Bas de Haan fan SDS 4 hat trochjûn wa’t er net binne en dat is seker de muoite wurdich. Miskien letter hjoed wol seleksjes.
Wa binne der net:
Jacob Sjirk: Burd yn de kiel
Pieter Lieuwe: Wykeintsje Boazum (tinte hierd)
Lieuwe Jan: TT Assen (Tieten Testen)
Romke: Ontbijte mei Knackebrod mei in Sweedse
Rinse: Bijkomme fan houliksreis
Gerlof Jan: Nei Turkse massaazjeskoalle op sneon
Pieter Groenveld: Teraske (oan) pakke bij eigen hûs

Famkes
Ôfrûne hawwe Sieta Tessemaker en Jildou Jorritsma de doelpunten makke by de SDS-famkes. Wy hoopje dat sy moarn noch folle mear meitsje yn de wedstryd tsjin de famkes fan Tsjom. De wedstryd tsjin Tsjom begjint om 12.30 yn Easterein. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

Helsingborg – SC Heerenveen
Wy hawwe ynmiddels al in pear foto’s krigen fan Mark Postma fan de wedstryd fan justerjun. Ek Gearard komt noch mei foto’s. Wy ferwachtsje net dat dit sokke fleurige foto’s binne.

Helsingborg-hamburger
Dizze Helsingborg IF-hamburger smakke de Feansters juster net sa best…………

“We frette se op” sei Gerard, mar wierskynlik hâlde Alves c.s. net sa fan hamburgers……..
(Foto: Mark Postma)

Mulier 40 jier!(1)
Mulier bestiet binnenkoart 40 jier. Fan herte lokwinske!
It feestprogramma komt ús net onbekend foar(klik hjir).

Mulier 40 jier!(2)
Dennis Dijkstra hat it moarn drok. Earst mei SDS 2 it fjild oerfleane, dan as in kugel nei Wytmarsum om him as in spear te ferklaaien foar it mikstoernoai wer ’t dus ek ald-leden fan Mulier oan meidogge.

Hè, Hè! Oh nee!!
Ondank de dramatyske útskakeling fan Ajax juster yn de UEFA-cup sil der hjoed by in soad Ajax-supporters de flagge útgean(klik hjir).
Jammer genoch koe de flagge fannemiddei alwer binnenhelle wurde en de flaggestok yn twaen(klik hjir).

 

Letter mear!