Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
2 oktober 2007
Wepperkes -freed-
5 oktober 2007

SDS 3 futsal bliuwt oan kop

Dat wie de útslach fan de futsalwedstryd SDS 3- RES 5. De technyske stêf fan SDS 3 hie krekt foar it sluten fan de transfermerke noch efkes op paad west. Sy kamen telâne bij de transferfrije André Bons út Boalsert. Earder spiler fan ….RES 5. En dêrmei waard de basis lein foar de oerwinning dy’t yn it lêst noch efkes yn gefaar like te kommen, troch dat de kondysje it wat ôfwitte liet.
Net oanwêzich wiene de topspilers Tjerk Okkema en Harm Auke Dijkstra. Wa’t der wol wiene kinne jim
hjir sjen.

Doelpuntenklassemint
Wy binne noch altiten benijd wa ’t ôfrûne sneon de 2 doelpunten makke hat by de SDS-famkes. Mail it nei
info@vv-sds.nl dan kinne wy foar de froulju ek in doelpuntenklassemint byhâlde.

Klupskeids?
Neffens it offisjele KNVB-berjocht sil op 16 oktober de wedstryd tusken SDS 1 en Oeverzwaluwen 1 yn Koudum lieden wurde troch in klupskeids. No mar hoopje dat sy dêr yn Koudum goeie klupskiedsrjochters hawwe. Klaas Okkema miskien??????

16 okt. 19:30 25436 Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 clubscheids.


Gezocht Scheidsrechter(s).
Binnen SDS zijn er een aantal leden actief als scheidrechter op het grote veld. Friso, Jelle, Enne, Sjoerd en Andre.
Met regelmaat komen we 1 of 2 scheidsrechters tekort. Daarom fluiten enkele scheidsrechters wel 2 wedstrijden per zaterdag, wat eigenlijk niet de bedoeling kan zijn.
Wie o wie zou er willen invallen bij wedstrijden op het grote veld.
Meld je even bij Andre Vink 333134 of famviea@hetnet.nl  Welke teams er dan gefloten worden gebeurt in overleg.

Iepening
Noch in bytsje mear as 2 wiken en it nije Multi-funksjoneel sintrum fan Easterein wurdt feestelijk iepene. (Hast)Alle SDS-teams binne dy sneon(20 oktober) frij fan fuotbaljen en kinne allegear oanwêzich wêze. Wy binne dan ek tige nijsgjirrich nei it feestprogramma. Wy hawwe wol in idee wat der komt(klik hjir).

Streekderby
SDS C1 spilet sneon in wiere streekderby tsjin Nijlân C1. Beide ploegen hawwe dizze kompetysje alles noch wûn. Nijlân hat allinnich 5 wedstriden spile en SDS noch mar 3. De wedstryd begjint om 10.15. Publyk is fan herte wolkom om SDS nei it 1e plak te “skreeuwen”.
SDS C1 docht noch mei om alle prizen. Folgende wike spylje sy (wer) thús om 10.15 en dan foar de beker tsjin Read-Swart C1.

Goed te meitsjen
SDS 1 hat sneon noch al wat goed te meitsjen tsjin Wykels/Hallum. Foarich seizoen waard der thús yn de lêste minút ferlern troch in allemachtige pegel fan Sieger de Vries fan Wykels/Hallum.

SDS’ers derop út!
Sa as bekend binne der aardich wat SDS’ers besmet mei it Liverpool-firus. Ferskeidene(Freddy, Robert, Marco, Jan-Simon, Durk) binne dan ek alris op Anfield Road west. Yn maart binne Lolke, Daan, Ype en Willem oan ‘e beurt. Sy sille dan Liverpool – Newcastle United besykje. Freddy hat al witte litten dat hy binnenkoart ek wer giet.

Treffer
Foar leden fan bûten dy ’t harren Treffer altiten út de kantine helje leit de Treffer jûn wer klear. 

Disgusting…….
Wy hawwe dy Dútsers altiten al wat in ûnsmakelijk folkje fûn……(klik
hjir).