Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
25 januari 2007
Programma -sneon-
26 januari 2007

Ôflast!
De útwedstryd fan SDS 2 tsjin HZVV 2 giet moarn net troch. It fjild yn Hoogeveen is net te bespyljen.
De spilers fan SDS 2 kinne harren no oan ’t moarntemiddei opjaan by Gert-Jan Hiemstra foar it futsaltoermoai foar SDS-senioaren fan moarntejûn(sjoch ek hjirûnder).

Seleksje SDS 3
SDS 3 spilet moarn om 14.30 út tsjin QVC 2 yn Starum. Sy fertrekke om 13.00. De seleksje fan SDS 3 sjocht der sa út:
Wichard, Liuwe, Gerrit H., Jeroen W., Gerlof, Auke, Albert-Jan, Remco, Anco, Jan, Ruurd, Bertus en Jaap.
Jentsje en Syb binne der net. Sy moatte beide wurkje.
Jelte is mei syn freonen fan Amstel Malt mei de bus nei Ahoy.

Nije berging
As it meisit dan sil der sneon wer fuotballe wurde op ‘e Eastereinder fjilden.
It Woudagemaal hat syn best wer dien om it wetter yn e sletten sakje te litten sadat de fjilden wer opdroegje kinne.
As jimme dan toch op ‘e fjilden binne , sjoch dan ek efkes by de foarderingen fan de neie berging.
Wy as Skoalleseize binne der grutsk op dat er no nei hiel lang praten ek eindliks wat te sjen is.
Wy hope no my gang troch te setten; op nei de nije “kantine”

Fjierder hope wy dat as wy in berop op minsken dogge om sa no en dan efkes de helpen dat jimme dan ek ree steane sa’t jimme dat tot no ta altiten dien hawwe.
Groetnis bestjoer ” Skoalleseize “

3 thúswedstriden!
As it fjild it talit dan binne der moarn 3 wedstriden yn Easterein. SDS C1 spilet om 10.30 tsjin Geel-Wit C1, SDS B1 om 12.15 tsjin Makkum B1 en SDS A1 om 14.30 tsjin Makkum A1.

Giet it troch?
Om dat te witten te kommen sille je hjoed en moarn de webside yn de gaten hâlde moatte. Mocht ien wat witte oar as it ôflast is of net, mail dan efkes nei sds-nijs@planet.nl!

Nei Útert!
SDS 1 sil fan’t wykein nei Utert. Sy geane mei de trein fan 13.43 trein fanút Ljouwert rjochting Utert(perron 3). De bus fanút Wommels giet om ûngefear 13.00.

Futsal: SDS 2 op wei nei de titel
SDS 2 wûn woansdei thús fan Ens mei 5-3. Mei noch 5 wedstriden te gean(wêrfan 4 thús), kin it hast net mear mis gean. Koach Gerhard von Sprudelwasser(alias Geard van Asselt) doart it wurd “kampioen” hast net yn de mûle te nimmen, mar kin der hast net mear omhinne. Klik hjir foar syn ferslach fan de wedstryd tsjin Ens.

Sneontejûn futsalle
Kommende sneontejûn kinne de senioren wer futsalle. It begjint om 19.00 oere. Opjaan kin bij Roel Sijbesma(till:332186). Opjaan graach foar fanmiddei 5 oere.

Fan herte lokwinske!
Ús razende reporter Gerhard von Sprudelwasser(alias Gerard van Asselt) is hjoed in kwartsje wurden! Jim kinne him lokwinske troch hjir te klikken.

Alwer 25 jier? Wêr bliuwt de tiid?

Idee!
Foar it 60-jierrich jubileum fan SDS sille der ek wol wat sinten komme moatte. Wy krigen in leuke tip binnen. Miskien is dit wat(klik hjir).

Letter mear!