Evenementen in november 2022

Boersma-Heerma nije websidesponser!
25 januari 2007
Wepperkes -freed-
26 januari 2007

Traine
SDS 1 giet jûn gewoan trainen. Der is dus gjin oefenwedstryd.

Futsal: SDS 1 krekt ûnderút
SDS 1 kaam juster sûnder punten werom út Peize. Dêr moast om 22.00 fuotballe wurde tsjin ONR út Roden. SDS en ONR wienen aardich oan elkoar weage. ONR spile wat fersoargder, mar SDS krige de kânsen. ONR kaam 1-0 foar, mar út in frije traap fan Peter waard it foar it skoft noch 1-1. Yn de twadde helte wienen de measte kânsen foar SDS, mar ONR wie wat tûker. Sy makken 2-1 en metselden it efteryn ticht. Neidat Feite útfoel mei in ski-knibbel, koe SDS it net mear opbringe om de lykmakker te meitsjen. Jammer genôch gjin punten, mar it spul jout moed foar de rest fan de kompetysje.

Op nei de Kuip!
Der binne ynmiddels al in grut oantal minsken dy’t harren opjûn hawwe foar de trip nei De Kuip op snein 22 april. De teller stiet momenteel op 23 persoanen. Der kinne dus noch mar 11 minsken by!! Wa ’t mei wol moat der dus gau by wêze(klik hjir). Jim kinne Dirk-Yde op it stuit allinne per mail berikke, want hy is op fakansje.

Transfermerke
Sa lang de transfermerke iepen is(oan ’t 31 jannewaris), komme wy noch net mei de nije oanmeldformulieren fan de SDS League. Dat de merke noch op folle toeren draait kinne jim hjir wol sjen.

Wa wie dat ek alwer?
Hjir in reaksje op ús rubryk “wa wie dat ek alwer” oer
Sjoerd Hovenga. Wy komme der mar net efter hoe ’t hy fuotballe, mar wol dat der hurd drafe koe(as it moast)…:

Ik siet destiids bij Sjoerd, no internist in Grins, yn ‘e eksamenklasse fan ‘e Havo in Snits.
Nei it eksamen reizigden wy mei de klas nei romantysk Parys. Under in kuier troch de sted, kamen wy ynienen midden tusken de Frânske ME en in arbeiders-demonstraajs terjochte. Ik ha Sjoerd nea wer sa draven sjoen! Mysels ek net trouwens.
Tjerk van der Pol

Pikefel(6)
Yn Frankryk kinne se der ek wat fan. Hjir de supporters fan Nice(klik hjir).