Evenementen in december 2022

De Skoalleseize kin oan ’t wurk!
7 december 2006
Seleksjes -sneon-
8 december 2006

Yn Easterein alles ôflast
Heren,
Na overleg met de consul van SDS is vanavond besloten dat er vanwege de grote hoeveelheden regenwater van afgelopen week morgen in Easterein niet gevoetbalt kan worden. 
Bestuur” Skoalleseize”

Gerard nei de finale
Gerard Posthumus hat him justerjûn pleatst foar de finale fan de kenniskwis. Hy wûn yn in spannende finale mei 5-4 fan Jildert Hylkema. Sy wienen beide yn de 1e ronde te sterk foar Feiko Broersma.
hspace=0
Gerard is bliid mei syn finaleplakje.

Wiet waar
It liket dit jier in tradysje te wurden. At de fuotbalkwis der is, giet it trainen net troch. Tige spitich fansels, want der binne oars fêst noch mear minsken. Dochs wie de opkomst fan heech nivo want at je spesjaal troch swiere rein- en ûnwaarsbuien dochs efkes nei de kantine geane dan seit dat genôch. Taskôwers tige tank.

Sûnder ynternet
It liket der op, dat binnen SDS en de Skoalleseize elkenien der al fan út giet dat alles fia dizze side kommuniseard wurdt. Dat giet soms noch wolris mis. Sa hie Harm Bergsma justerjûn bartsjinst en hij kaam tsjin achten bij it fjild en seach dat it tsjuster wie. Harm gie mar wer nei hûs en tocht efkes oan in frije jûn. Mar dat wie gelokkich in boaze dream: want de kwis gie wol troch en goed healwei 9 oere krige hij al in tillefoantsje fan twa ferûntrêste kwismakkers dy’t foar de tichte doar stiene. Mei de snelheid dy’t bij Harm past, fleach hij dochs noch nei de kantine.

Tafelfuotbal
Op 21 desimber is der wer in kwisjûn. Dat is de ôfslúter fan it jier. At er no wol of net trainen is, it soe wol moai wêze dat der in protte minsken komme. Sa waard der juster yn de neisit al efkes praten oer in oanfolling op de jûn. Der wurdt dêrbij tocht oan in heale kompetysje tafelfuotbal fan de seniorenalvetallen en de A-s. Jim sille der mooglik binnenkoart mear fan heare. It oefenjen kin lykwols al begjinne.

Selde fraach
Tongersdeitejûn wie de twadde kwisjûn en der sieten in oantal retro fragen yn. Dat wie gjin probleem die bliken want de kandidaten fan ferline kear en no wisten allegear it antwurd net.
Omdat Ype, kandidaat foar de folgende foarronde yn de seal siet, sil dizze fraach oare kear net wer oan bar komme:
Welke spiler fan SDS E4 skoarde 10 kear yn de wedstryd tsjin Scharnegoutum E3.
Der binne no al hiel wat SDS-ers dy’t witte dat dat …. Wiebe Heeres wie.

Harsens derby(35)!!
It foardiel fan kuestgers is dat je der mei wiet waar ek op fuotbalje kinne. De bal stuitert somtiden al wat nuver(klik hjir).

Letter mear!