De Skoalleseize kin oan ’t wurk!

Wepperkes -tongersdei-
7 december 2006
Wepperkes -freed-
8 december 2006

De boufergunningen binne binnen!

Dit betekent dat de Skoalleseize los kin mei it bouen fan earst de nije berchromte en letter it nij multi-funksjoneel sintrum. Woansdei waard de berchromte útsetten en tongersdei waarden de heipealen te plak slein troch Gerbrandy út Wommels.


Mei it útsetten fan de berchromte wie it noch wol aardich waar.


Ierde betiid wie Gerbrandy al oan it heien fannemoarn


7.00 is Gerbrandy begûn te heien en 9.30 koe alles wer oprêden wurde. De 22 pealen wienen te plak.


Riidplaten wienen der wol noadich troch it wiete waar.


It fuotbalfjild waard net skeint.


Der steane aardige sporen yn it gers.


De útsetpealtsjes fersopen hast.


Dit kin allinne profesjonele fotografen. Sjoch it reklameboerd fan Gerbrandy mei dêrboppe de kraan fan Gerbrandy mei opdruk. Nee, je sjogge net dûbel.


Hjir moat in peal foar de nije kantine komme.


Ype is klear mei syn wurk.

Hjoed sil der fierder wurke wurde oan de berchromte.

Hans Kooistra en Feike Jorritsma tige tank foar jim foto’s!