Wepperkes -freed-

Seleksjes sneon 8-9
7 september 2007
Utslagen sneon 8-9
7 september 2007

Wieringermeer
De spilers fan Wieringermeer 1 binne hjoed alfêst fertrokken om moarn op ‘e tiid yn Easterein oan de ôftraap te ferskinen……………
Op
Klik hjir foar de webside fan CV Wieringermeer.

SDS 4 boppeoan
SDS 4 lit er dit jier gjin twifel oer bestean. Sij wolle yn it linker rychje einigje. Om dy ambysje te ûnderstreepjen, setten se justerjûn in klinkende oerwinning del tsjin Zeerobben 5.
Troch doelpunten fan Bertus, Bas, Gearard (4), Gerlof (3) en in eigen doelpunt waard it 10-1.

Omkeaperij
At jim tinke dat omkeaperij net op leech nivo foarkomt dan hawwe jim it mis. Pieter Lieuwe van der Valk krige tidens de wedstryd tsjin Zeerobben in bedrach fan 5 euro oanbean fan ien fan de spitsen fan Zeerobben at Pieter him skoare litte woe. 
Oan it iene doelpunt fan Zeerobben hie Pieter gjin skuld sadat mei rjocht sein wurde kin dat P van P foar 5 euro net om te keapjen is.

Knibbel
Klaas Molenmaker (SDS 5) hat in minne knibbel mar mei noch sa graach fuotbalje. Om de knibbel wat op te knappen hat hij tongersdei in operaasje ûndergien. Hij hopet oer in wike as 5 wer fit te wêzen.

Betterskip!
Soene jim Klaas fon herte betterskip winskje wolle namens Yde Prins fonne Harkemase boys
Vrgr Yde
Bij deze!

SDS League
De earste teams fan de SDS League hawwe wy alwer binnen. Klik
hjir om ek mei te dwaan.

Tillefoan
Nei wat lijerij docht de tillefoan yn de kantine it wer.

058-
Sjoerd van Beem lit ús witte dat hy net langer yn Wommels wennet, mar yn 058. Hy kin no moai mei Tsjalling, Kasper en Tseard meiride nei Easterein.

Johan Derksen
Wij kinne allegear de wiisnoas dy’t it allegear sa goed wit. De iene mei him graach lije en oaren moatte neat fan de man ha. Dizze wike wie der in moaie dokumentaire oer him. Wa’t it net sjoen hat, kin it no noch dwaan. Sjoch
hjir.

Schwalbes
Je hawwe schwalbes en Schwalbes. Dit is in echte(klik hjir).