Utslagen sneon 8-9

Wepperkes -freed-
7 september 2007
Wepperkes -snein-
8 september 2007

Understeand it programma fan sneon. Wij wolle hiel graach alle útslaggen sa gau mooglik ha. Fansels stelle wij in koart ferslach, bijsûnderheden en doelpuntenmakkers ek op priis.
Mail it nei
dizze adressen.

    útslach
14:30 SDS 1  – Wieringermeer 1  2-1
12:00 SDS 2  – Knickerbockers The 3  2-1
14:30 SDS 5 – Franeker SC 8  3-2
12:00 SDS C2 – Franeker SC C5  10-1
9:00 SDS D1 – Makkum D1  4-1
9:00 SDS E1 – Oeverzwaluwen E1  4-6
10:00 SDS E2 – Terschelling E1  2-10
14:30 Zeerobben 3 – SDS 3  2-4
14:30 Tzummarum 2 – SDS 4  1-8
13:30 RES A1 – SDS A1  1-3
12:00 Zeerobben B1 – SDS B1  10-3
9:30 Makkum D2 – SDS D2  4-3
12:15 Franeker SC DA1  – SDS DAJ  19-0
10:00 Stormvogels’64 E1 – SDS E3  2-3
9:00 Tzum E2 – SDS E4  14-0
10:00 Zeerobben F4 – SDS F2  1-5
9:00 Oosterlittens F3 – SDS F3  5-0


By de wedstriden:

Franeker SC DA1 – SDS DAJ
Sneon 8 september, wy hiene ús 2e kompetysjewedstryd, tsjin Frentsjer. Feike wie mei as lieder omdat Theo op fekansje wie. We hiene al wat ferhalen heart dat Frentsjer noch al sterk wie, mar we hiene de moed deryn, as we mar ûnder de 0-13 fan foarige wike koene bliuwwe… 12.15 begon de wedstryd en nei ûngefear 2 min. skoorde de tsjinparty. Helaas, mar in pear minuten fierder en de folgende siet der al wer yn, dat gong sa noch wol efkes troch. Toen de eerste helte spile wie, stoen de stân op 7-0 foar de tsjinparty. Nei it skoft stoen Sietske Okkema op keep, se hie wikselle mei Marije Hiemstra. (Nee, wy ha noch gjin fêste keep en binne noch opsyk; dus binne der dames?). Nei it skoft begonnen we al better, wy hiene wat mear kânsen. Mar helaas we ha net mear skoare kinnen. Frentsjer blykte noch better te wêzen yn’e 2e helt. De wedstryd eindigde mei 19-0. Jammer, mar we ha allegear goed ús best dien en we ha der nocht yn! Oare wike moat we tsjin Wytmarsum, we gean der wer foar. As we no ek nochris wat mear taskôgers hiene… 
Tryntsje Bouma

SDS 1 – Wieringermeer 1
Yn de earste helte hie SDS al romme ôfstân nimme moatten fan de “Hollanners”. It bliuw bij twa doelpunten fan Dirk Yde Sjaarda.
Nei it skoft krige Wieringermeer ek goeie kânsen en sij skoarden mar ien kear. Troch dit resultaat is SDS 1 koprinner wurden


SDS 2 – Knickerbockers 3
By de rêst stie it 1-0 foar SDS wylst it eins oarsom wêze moast. The Knickerbockers krigen de bal der mar net yn en hienen genôch kansen. Dirk de Jong slagge der al yn en makke krekt foar de rêst 1-0. Yn de twadde helte waard it al gau gelyk, mar it wie wer Dirk dy ’t allinnich foar de keeper de bal wer kreas yn de goal lei. Stefan koe der út in penalty noch 3-1 fan meitsje. Dat hie kinnen…..

Zeerrobben 3 – SDS 3  2-4
SDS 3 wûn troch doelpunten fan Remco Bervoets (2), Jentsje Jorritsma en Hjalmar Ruiter.

Tzummarum 2 – SDS 4

Wij fregen ús fanne wike al ôf wat er mei SDS 4 oan de hân is. Nei de klinkende oerwinning op tongersdei hellen se no wer in monsterskore. Mar leafst 1-8 waard it yn de bouhoeke.
Doelpuntenmakkers wiene: Gearard Posthumus (2) Johan Delfsma (2) Ivo Donath, Bertus Bootsma, Willem Feenstra en Gerlof Jan Hofstra.

SDS 5 – sc Franeker 8
Durk Okkema skoorde yn de earste helte mei in moai skot. sc Franeker, mei âld SDS-er Bertus Bosma yn de ploech kaam werom ta 1-1. Yn de twadde helte makke Klaas Visser efkes it ferskil. Hij skoorde twa kear. Yn de lêste minút kaam sc Franeker werom ta 3-2.

Res A1 – SDS A1
SDS A 1  wûn troch doelpunten fan Feiko Broersma (2) en Jacob van Wieren.

Zeerobben B1 – SDS B1
Hjoed wienen we te gast by Zeerobben B1. We ha ferlern mei 10-3, as einliks 9-3…
De skiedsrjochter (1e helte yn it wyt!) liet de penalty op’e nij nimme, want Thor soe 1 sintimeter foar de line stien ha.
Yn de lêste sekonde foel de 10-3. We binne der noch lang net, we moatte noch in hiel soad dwaan mei syn allen. Lokkich is de ploech wol posityf en it is ek in leuke ploech, sa sei in mem hjoed ek noch.
En dat is ek sa. Lykas Foppe juster sei, it hat tiid nedich en de trainers en lieders ek.
Dochs in hichtpunt, no der wienen einliks twa hichtepunten.
Thor keepte hjoed geweldich, stoppe sels in penalty.
Mar as jo dan noch 10 tsjin krije, dan binne hja net hiel bliid, sa sei der sels.
In oar hichtepunt wie dat Gerrit Jan Veenendaal syn 1e goal ea yn syn fuotbalkarriêre makke!
Letter in grutter ferslach…
Groetnis,
Klaas Pompstra

SDS C2 – sc Franeker C5
Frjentjer ferplettere troch SDS C2
It is aardich om te sjen dat de útslach fan SDS C2 de heechste fan de dei wie. It spul wie der net hielendal neffens.
Wy begjinne wol al better te spyljen mar hawwe noch moaite mei de posysjes. Dat kin ek net oars mei san nij team.
Wy krigen stipe fan Sjoerd om’t der mar 11 man wienen. Al mei al in útslach dy’t hegere ferwachtings opropt dan at wier te meitsjen is.
De doelpunten binne makke troch Jurjen, Klaas Bouke, Dirk, Sjoerd en Christian.
(Jaap)

Stormvogels E1 – SDS E3 2-3
Vandaag al weer de tweede wedstrijd. Om kwart over negen stonden we met z’n allen klaar voor vertrek bij de Rabobank. Vorige week hadden we goed gespeeld dus met goede moed gingen we naar Achlum. Om tien uur gingen we los we kwamen na tijdje met 1-0 achter gelukkig maakt Jorrit V. al snel de gelijkmaker. toen rust. Na de rust kwam Watze jacob en maakte er 1-2 van daarna werd het al snel 1-3 de maker er van weet ik even niet meer. We dachten dat we de winst nu wel op zak hadden. Maar de stormvogels maakten nog een keer een tegen goal 2-3. De laatste 10 minuten  werd het nog spannend ook.  Gelukkig haalden wij de winst binnen.  We staan nu met 6 punten op de tweede plaats van de competitie.
Groetjes  van Andries Kingma

Heeg F1 – SDS F1
Donderdagavond moesten we naar Heeg voor onze eerste competitie wedstrijd. En we hebben  gewonnen Mattijs heeft twee goals gemaakt. En ik heb gescoord eentje meer dan Mattijs gescoord dus drie! En we hebben 5 -2 gewonnen en Niels was heel goed in keep
en hij had eentje klem vast. en Heeg heeft bijna niet gescoord
Groet Yward Zijlstra.

Letter mear!