Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
13 september 2006
SDS League: Hjoed ynleverje!
16 september 2006

Hân foar de eagen
It is moarn wer moai waar. De sinne sil wer folop skine. Krekt as ferline wike sneon. Doe makke Henk Bootsma in foto fan Marcel mei syn ûnôfskiedlike sinnebril. Gelokkich hat Marcel syn sinnebril altyd bij him. Meastal yn it hier mar at it nedich is ek foar de eagen. Miskien is it goed dat syn assistint ek in bril oanskaft want oars sjocht hij neffens ús neat.

Efter it stek
De KNVB hat rigels útfeardige dat it publyk efter it stek bliuwe moat. Dy rigels jilden ferline wike ek al.  Neffens dizze foto fan Henk wie der fansels wer in tige dwerse groep dy’t him dêr neat fan oanlûkt: de Bunnikside.
No mar hoopje dat er net sa’n waarnimmer west hat, te herkennen oan lange reinjas, sinnebril en pet oer de earen. At it moarn wer soks moai waar is ferwachtsje wij wol wat mear koarte broeken!!

Seleksjes
Wij kinne jim gjin nammen jaan fan seleksjes foar sneon. Wij hawwe wol begrepen dat er sneon troch alle seniorenalvetallen fuotballe wurdt. Miskien mei help fan wat A-spilers.

Hast in jier lyn?
SDS 1 wûn ôfrûne sneon mei 2-1 fan Broekster Boys. De lêste kompetysjewedstryd dy’t SDS hjirfoar wûn hie wie de thúswedstryd tsjin BCV fan 15 oktober 2005……… Hooplik hoefe wy net sa lang te wachtsjen op de folgende oerwinning.
De lêste útoerwinning waard behelle yn de kampioenswedstryd(wa wit it noch?) by en tsjin ONT. Dit wie op 14 maaie 2005……….  

SDS League
Jim team foar de SDS League moat foar snein binnen wêze.
Wy hawwe ynmiddels 25 teams binnen!
Klik hjir om ek mei te dwaan!
Der lizze ek formulieren yn de kantine!
Jim kinne de formulieren moarn ek oan Aant, Willem of Roel jaan yn de kantine.

Ald tsjin jong

Undanks de oanwêzichheid fan PvP bij jong, wist âld nipt te winnen. Yn de lêste beslissende partij skoorde Ids it winnende doelpunt.
It wie dizze jûn wol dúdlik dat PvP net hielendal op de hichte is fan de regels en dat syn tellen net optimaal wie.
Regel 1: net fan eigen helt skoare, behalve wanneear de regel net fan tapassing is.
Regel 2: in kopt doelpunt telt dûbel behalve wannear de regel net fan tapassing is.

Telraam
Om de skoare better bij  te hâlden wurdt er in skoarebijhâlder frege foar tongersdeitejûn. In telraam is beskikber.

De earmtakke fan de wike
Durk Okkema mocht tongersdeitejûn mei jong dwaan, omdat hij de jongste âlde sek wie omdat de opkomst bij jong krekt wat minder wie as bij âld. Tidens de partij krige hij de earmtakke fan immen yn it each en in skuorke yn de wynbrau wie it gefolch. De tafallich oanwêzige resjersje (PK) stelt in ûndersyk yn nei de dieder. Wij ferwachtsje lykwols gjin resultaat. Durk hat it skuorke efkes lymje litten bij de dokter.

Nij tillefoannumer
Anco Elgersma lit ús witte dat hij in nij tillefoanummer hat: 0515-851324.

Letter hjoed mear!

Hawwe jim noch nijs of opmerkings maile kin nei dit adres.