Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
12 september 2006
Wepperkes -freed-
15 september 2006

Futsal: SDS 2 pakt 3 punten
Woansdeijun spile SDS futsal 2 ut tsjin Birdaard FC 1.
Hjir bin de earste punten dan ik helle foar de kompetitie. Nei 10 minuten spielje tekende Skelte foar de 0 – 1. Dernei makken  Tsjeerd B. en Dirk Yde de 0 – 2 en de 0 – 3. Nei rust like it nog even spannend te wurden. Birdaard (foutbaljend yn Ferwert ) sette gelyk druk. En it waard dan ek 2 – 3 binnen 5 minuten. Hjirnei spyle Birdaard alles of niets. Dit pakte goed ut foar SDS. Binnen 7 minuten waard der 5 kear skoort. 2 x Dirk – Yde, 2 x Skelte en Sjoerd Rip 1 x. Birdaard mocht nog efkes 1 kear oanmeitsje oant 3 – 8. Dirk – Yde besleat flak der op de lêste goal.
Hjirmei eindigd Birdaard FC 1 – SDS 2         3 – 9
Groetnis S.K.O en G.v.A

Futsal: SDS 3 ûnderút
Frits van Erkelens lit ús witte dat WZS 5 SDS 3 ferslein hat mei 10-3. Wêrfoar tige tank!

In soad doelpunten
SDS D1 hat fan ‘e wike lykspile tsjin Nijland D1. Yn Nijlân stie SDS mei de rêst noch mei 2-1 efter. Op it ein fan de wedstryd stie der in moaie 5-5 op it prachtige skoreboerd.

SDS League
Jim team foar de SDS League moat foar snein binnen wêze.
Wy hawwe ynmiddels 15 teams binnen!
Klik hjir om ek mei te dwaan!
Der lizze ek formulieren yn de kantine!

95%
Welke spilers moatte je opstelle yn je team foar de SDS League? Wa’t je fan Ajax hawwe moatte dêr tinke de measte SDS’ers wol itselde oer. Oan ’t no ta hat 95% foar Huntelaar keazen. Ek op Competitiemanager.nl is dit de trend.

90%
Oan ’t no ta hawwe 15 minsken harren team ynlevere foar de SDS League. Dit liket net safolle as je neigeane dat de teams foar snein binnen wêze moatte. Út erfaring witte wy dat de measte minsken oan ’t it lêst ta wachtsje mei it ynleverjen. 90% komt dan ek meastentiids yn de lêste 2 dagen. Dit soe betekenje dat der dit kear sa ’n 150 teams meidwaan sille………

Ien kear Ajacied…..
Dit team ferwachtsje wy fan Hendrik Eringa of Robert Hoekstra. It sil wol hjitte; “Ien kear Ajacied, altiten Ajacied”;
Timmer (FEY)
De Cler (AZ)
Stam (AJA)
Boakye (HER)
Reiziger (PSV)
Knopper (ADO)
Lindgren (GRO)
Yakubu (VIT)
Sikora (NAC)
Anastasiou (SPA)
Ikedia (RKC)
“Goeie” wissels binne noch Kluivert (PSV), Charisteas (FEY), Arveladze(AZ) en Didulica(AZ).

Andries op de satelytfoto
 
Sa’t jim moandei yn de krante lêze koene, kinne je fia 
Google Earth prachtige bylden krije fan de hiele wrâld. Dus ek fan de Skoalleseize.
Fansels makken wij dêr efkes in printsje fan en der foel ús ien ding op. Op it stuit dat de saltelyt lân tufte, wie Andries oan it meanen en hij hie krekt ien of twa rijtsjes dien fan it B-fjild. Absolut de muoite wurdich om dit programma del te heljen want je echt alles prachtich sjen.

Wêr is Dirk-Yde syn fyts?
Dirk-Yde Sjaarda syn fyts is nei de wedstryd SDS-Broekster Boys troch in oar meinommen. It giet om in damesfiets. Wierskynlik fan it merk Batavus. Dirk-Yde hat him noch altiten net werom en hy wol him al graach wer hawwe. Mail Dirk-Yde as je der mear fan witte.

Sjurtsjes fuort??
Dit soe Jan van Asselt(SDS 1) of Jan de Jong(SDS 2) fansels noait oerkomme(klik hjir). Úteinlik kaam it by SC Heerenveen ek wer goed(klik hjir).