SDS League: Hjoed ynleverje!

Wepperkes -freed-
15 september 2006
Útslagen 16 septimber
16 september 2006

It is hjoed de lêste dei om de SDS League yn te leverjen!
Jim kinne de teams ynleverje by Roel Sybesma, Willem Wijnia of Aant Hofstra. Dizzen binne hjoed wol rûn it fuotbalfjild yn Easterein te finen.

Wy hawwe oan ’t ta sa ’n 35 dielnimmers en ferwachtsje op sa ’n 60 út te kommen.

Hjirûnder kinne jim de nije dielnimmings-formulieren fine foar de earste helte fan it seizoen 2006/2007.

As je oan de earste helte meidogge dan dogge je automatysk mei oan de twadde helte.

Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

 

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

 

Roel Sybesma, De Singel 17, 8734 HP Easterein

of by

Willem Wijnia, Walperterwei 21, 8731 CC Wommels.

 

Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl


De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside. Ek hinget der yn ‘e fuotbalkantine en ferskynt der eltse moanne yn ‘e Treffer.

 

Hjir kinne jimme de benoadigde formulieren fine:
hspace=0

*Spilerslist SDS League

hspace=0
*Dielnimmingsformulier SDS League


(dizze formulieren lizze ek yn de kantine)