Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
31 augustus 2006
Utslaggen 2-9-2006
2 september 2006

Hoe sit it no mei SDS 6?

No ’t der in 6e by kommen is, komt it ek wat oars mei de teamyndieling. It 3e is no it 4e wurden, it 4e it 6e en it 5e bliuwt it 5e.
Rûch sein wurdt it 3e no in miks fan inkelde spilers fan de B-seleksje en de bettere spilers fan foarhinne SDS 3.
De spilers dy ’t it oangiet wurde fansels op de hichte steld troch harren trainer as lieder.

Ferlen
SDS 3 hat justerjûn syn bekerwedstryd tsjin Blauw-Wit ’34 mei 4-1 ferlen. SDS 3 kin de folgende ronde no wol ferjitte.

Ferslach SDS D1
SDS D1 moast juster bekerje tsjin Harlingen D1. Klik
hjir foar it ferslach fan Jaap Zijlstra.

Bekerje
SDS 2 bekert jûn om 18.30 yn Easterein tsjin Balk 2. Kom gerust efkes sjen!

Âld tsjin jong
Justerjûn waard de partij op de training fan SDS 4, 5 en 6 dik wûn troch de jongerein. De âldsjes hienen dit kear net folle yn te bringen. Hichtepunt fan de jûn wie de goal fan Pieter-Liuwe dy ’t mei in kopbal skoorde fan eigen helte. Jammer genôch waard dizze goal ôfkeurd omdat je net fan eigen helte skore mochten.

Nei Schiphol
Tongersdei sil Harm-Auke Dijkstra mei de faam op fakansje nei Kos(yn Charisteaslân). Sy hawwe eins noch in lift noadich nei Schiphol. Wa kin him helpe? Mail nei Harm-Auke(klik hjir)!

Is der no net in fleantúch dy ’t him yn Easterein oppikke kin?

Oranje-B
Sneon moat it Nederlâns alvetal foar de EK-kwalifikaasje tsjin Luxemburg. Juster yn de kantine waard steld dat Oranje-B op it heden sterker is as it team fan Van Basten. Dit soe de opstelling wêze:
Waterreus
Kromkamp, Stam, Opdam, Reiziger,
Seedorf, Davids, Van Bommel, Cocu
Van Nistelrooy en Makaay.

De 3 K’s
Juster heard yn de kantine:
Foarich jier leunde hiel Feyenoord op K2(Kalou en Kuijt). Dit seizoen geane sy foar de 3 K’s; Kollka, Kastelen en ………..Karisteas.

Lowlands
Alle foto’s fan Lowlands de ôfrûne wike waarden mooglik makke troch Versuiteigenoven.nl. Klik hjir foar alle foto’s.
Photograph

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!

Letter mear!