Evenementen in november 2022

Wepperkes -freed-
1 september 2006
Wepperkes -snein-
2 september 2006

Op 1 en 2 septimber binne in oantal wedstriden spile.

Be Quick Dokkum – SDS 1     1-1
De earste helte wie foar SDS. De twadde helte foel SDS wat werom. It ienige doelpunt fan SDS waard yn de earste helte makke troch Tjalling Sikma. Troch in lyts foutsje efteryn by SDS waard it sa’n 10 minuten foar tiid 1-1. Wij ferwachtsje noch in koart ferslach fan ???

SDS 2 – Balk 2       4-1    (beker)
Op freedtejûn waard dizze wedstryd spile. In maklike oerwinning mei doelpunten fan Willem Wijnia(2) en Hendrik de Jong(2).
SDS 2 hâldt hjirmei in kâns op it heljen fan de 2e ronde fan de beker. Tiisdeitejûn moat SDS 2 om 18.30 fuotbalje yn en tsjin Makkum 2. 

SDS 3 – AVC 2       1-1 (beker)
Doelpunt fan Wichard Deinum.

Zeerobben 5 – SDS 5      0-7    (beker)
It ferslach komt moarn. Doelpunten wiene der fan Stefan van Krimpen (4) , Bertus Bootsma en Ype Tiemersma (2)

Makkum A1 – SDS A 1        2-0
…….

Dronryp B1 – SDS B1 1-4 (beker)
SDS B1 spile hjoed op Skatzenburg tsjin Dronryp B1 foar de beker.
It waard in prima oerwinning mei 1-4. (1-1). Doelpunten fan Doede (skowerke), Johan (knap skot út de draai fan de 16), Jacob (strak diagonaal skot yn de fierste hoeke) en Freek (skower ûnder de keeper).
Der wienen 15 spilers mei en we mochten lokkich trochwikselje. De opstelling hie Tamme oanpast en derby hie Klaas de taktyk in bytsje ôfsjoen fan it 2e freedtejûn.
Wy hienen keazen foar in opstelling 4 – 4 – 2 mei in rútfoarm op it middenfjild. Oanfallende en ferdigende middenfjilders.
Foar de rest waard der noch te ticht by inoar spile en stienen  de spilers net breed genoch.
Mei yn de rest noch efkes alles wat skerper útlizze mei de teebekerkes slagge alles goed.
Yn de twadde helte wie it allegear better. Is spul folle breder, better posysjespul en mear kombinaasjes oer de flanken. Der is troch alle spilers mei ynset en mei klasse spile.
Klaas Pompstra

(Klik hjir foar it ferslach fan de wedstryd fan foarige wike tsjin Makkum)

Arum B1- SDS B2 2-1 (oefenwedstryd)
Dit was de eerste wedstrijd van en voor de spelers van sds b2. Na de warming up begonnen we met een gesprek tussen de leiders en spelers en er werd kennis gemaakt met een nieuwe speler n.l. Leandro Reitsma uit Rien.Tijdens dit gesprek het een en ander duidelijk gemaakt wat de leiders van b2 van de spelers verwachten, met name gedrag en omgang met elkaar. Wij, de leiders, hebben onze standpunten kenbaar gemaakt.
Kortom sportief, plezierig voetballen en respect tonen voor elkaar en voor de tegenstanders.
Over de wedstrijd kunnen we het volgende zeggen, we begonnen met de opstelling 4-3-3, wat later bleek dat dit niet de juiste keus leek te zijn. Hierdoor gingen enkele jongens anders spelen dan ze gewend waren. Achterhoede te gehaast uitspelen, middenveld werd vaak overgeslagen. De spelers werden hier attent opgemaakt en pasten zich aan. Helaas kwamen we achter, later viel er nog een goal voor Arum, die goed speelde. Na topoverleg kwamen de leiders met een andere speelwijze n.l. 4-4-2. De spelers kregen hierdoor wat meer rust en er werd beter gecombineerd, vooral het middenveld ging beter draaien, linkerkant liep ook goed. Arum werd onderdruk gezet en er werd gescoord door een mooie actie van Harm Jan, door nog een omzetting werd nog meer druk op Arum uitgeoefend maar helaas hadden we de tijd er niet meer voor.
Het was een leuke en sportieve oefenwedstrijd, het was nog even wennen maar dat komt wel goed bij de volgende wedstrijden.
Leiders sds B2

SDS C1 – Oeverzwaluwen C 1       3-4
……

Hawwe jim in ferslach, doelpuntenmakkers of oars wat oer ien fan dizze wedstriden mail dan nei info@vv-sds.nl.