Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
29 augustus 2006
Wepperkes -freed-
1 september 2006

SDS 6
It giet oan mei SDS 6. Sy steane namelijk al op de webside fan de KNVB. Sjoch
hjir mar.

Hoe sit it no mei SDS 6?
No ’t der in 6e by kommen is, komt it ek wat oars mei de teamyndieling. It 3e is no it 4e wurden, it 4e it 6e en it 5e bliuwt it 5e.
Rûch sein wurdt it 3e no in miks fan inkelde spilers fan de B-seleksje en de bettere spilers fan foarhinne SDS 3.
De spilers dy ’t it oangiet wurde fansels op de hichte steld troch harren trainer as lieder.

Marten Syzling-toernoai 2006
Dit waarden juster de winners fan it Marten Syzlingtoernoai:




Ferjitten
Yn de list fan reklameboerdsponsors yn it bewarnûmer fan de Treffer miste der ien. Om it goed te meitsjen hjir it boerd wêr ’t om gie:



Maklike stuolen
Dennis Dijkstra hie foarige wike saneamde “maklike” stuolen mei nei Lowlands. Wêrom ’t se sokke stuolen maklik nimme is net hielendal dúdlik. Sy binne yn elts gefal net maklik ynelkoar te setten.
Photograph
Jan en Dennis sykje in begjin.

Photograph
Harm kin der wol om gnize.

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!