Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
24 augustus 2006
Utslaggen sneon 26 augustus
25 augustus 2006

SDS A1 wint
A1 hat freedtejûn in prima prestaasje levere troch Bergum  te ferslaan. Alteast dat meie wij oannimme want 3 minuten foar tiid wie it 2-0 troch doelpunten fan Ralph Wariman en Sybren Wesselius.
Yn in boeiende wedstryd wêryn SDS in soad sptriid levere foelen de doelpunten in kertier foar de ein en 5 minuten foar de ein.

Hij is der!!
It bewarnummer fan de Treffer is út. De kommende dagen sil dy wer besoarge wurde. Foar in protte bûtenleden leit er klear yn de kantine.

SDS 6
It is de frraach at de alvetal yndieling yn de Treffer wol goed is. Op dit stuit wurdt ûndersocht bij de bûn at er noch in 6-de alvetal talitten wurde kin. Jim kinne begripe dat it dan allegear wer oars wurdt.

Oefene
SDS 2 hat juster syn oefenwedstryd tsjin WWS 1 mei 3-1 ferlern. De rêststân wie mei 1-0 ek al yn it foardiel fan WWS. It doelpunt fan SDS waard makke troch Pieter Kamstra. SDS 2 bekert sneon yn en tsjin Workum 2 om 14.30.

Traine
It winnende doelpunt dêr draait it allegear om bij in partij fan jong tsjin âld op de training fan SDS 4 en SDS 5. De âldtsjes (Klaas, Ids, Durk, Jacob en Aant) skoorden dat doelpunt en moasten nei ôfrin de ferliezers (Coen, Gerlof, Willem, Bas en Pieter Lieuwe) treaste.
De wedstryd dy’t foar it winnende doelpunt spile waard einige yn 12-7 foar jong. Mar dat is minder fan belang.

Toernooi foar E en F spilers
Nije wike woansdei it it Marten Sijszeling toernooi foar E en F spilers.
It begjint om 14.00 oere mar de spilers dy’t meidwaan wolle moatte der om 13.30 oere wêze. Want op dat momint fynt de yndieling plak. Dus op tiid komme.

SDS1 bekert sneon
SDS 1 spilet de lêste wedstryd yn de beker tsjin FVC. De wedstryd wurdt sneontejûn om 18.30 oere spile yn Easterein.

Yn ’t nijs
Ôfrûne snein wie der keatsen yn Vrouwenparochie. Hjir foel de earste reade kaart út de keatshistoarje. Lokkich genôch wie dizze net foar in SDS’er. De SDS ‘ers dy ’t dêr keatsten kamen allinne mar posityf yn it nijs(klik hjir).

Geert siik
Geert Hiemstra seach der sa nei út: kommend wykein soe hij it fjild wer yn om te baljen mei de 35 plussers. Dat soe plak fine op Skylge. Mar Geert hat it flink te pakken en it liket er op dat syn debút útsteld wurdt. Hopenlik stiet hij net as “eyecatcher” op it affysje op Skylge.

Bier út de ……
Nei 3 dagen Lowlands dan komt it bier je op it lêst de earen út. By sommigen komt it sels út de eagen. Lokkich genôch hie Jan Stenekes hjir in moaie oplossing foar…..

Letter hjoed mear!