Utslaggen sneon 26 augustus

Wepperkes -freed-
25 augustus 2006
Heuken op Skylge
27 augustus 2006

Witte jim wat de feteranen dien hawwe op Skylge(behalve bierdrinke, frette en sliepe); mail dan nei info@vv-sds.nl

 

 

 

útslach

Freed

 

25-8-2006

19:00

SDS A1 – BergBCVComb A1

2-0

Sneon

 

26-8-2006

18:30

SDS 1 – FVC 1

 2-1

26-8-2006

12:15

SDS B1 – Makkum B1

 1-3

26-8-2006

14:30

Workum 2 – SDS 2

 1-0

26-8-2006

14:30

Minnertsga 2 – SDS 3

 9-0

26-8-2006

11:00

Makkum C1 – SDS C1

 4-7

Bij de wedstriden

SDS 1 – FVC 1
SDS 1 kaam yn de twadde helte op foarsprong nei in knappe oanfal. Tsjalling Sikma sette knap foar en Hendrik de Jong kopte de bal yn. Sa ’n 10 minuten letter waard it 1-1 troch in misferstân efteryn by SDS. Dirk-Yde Sjaarda wist dochs de 3 punten yn Easterein te hâlden troch sa’n 10 minuten foar tiid de 2-1 te meitsjen.

Workum 2 – SDS 2
Sawol Workum as SDS krigen net folle kansen. SDS hie wat pech dat de keeper fan Workum 3 kear goed te plak stie by skotten fan Gerlof, Ruurd en Willem. Workum hie wat gelok dat in sneinskot de krúsing yn fleach.1-0

Minnertsgea 2 – SDS 3
In drege middei mei in licht flattearde útslach. It ferlies wie terjochte, mar 9-0 wie wat tefolle.

SDS B1 – Makkum B1
SDS B1 hat fannemiddei mei 1-3 ferlern fan Makkum. Yn de rest wie it 0-3 en we ha dus in bettere twadde helte spile. We misten 4 spilers, Germ Sieperda (blessuer), Jelte Pieter Dijkstra, Jort Strikwerda, beide noch keatse, Wytse Lanting (fakânsje). We hienen Wytse vd Schaar fan B2 mei as ynfaller.
De earste wedstriid fan it seizoen. De earste 10 minuten wienen goed. Dernei komt Makkum better yn it spul.
De jonges moatte dudlik noch efkes wenne oan inoar. We krije wol lytse kânsen, mar Makkum skoart foar rest trije kear.
Nei rest wurd it better en we meitsje in moaie goal. Andries wurd djip stjoert troch Freek en Doede tikket op de foarset knap yn.
Dernei prebearje we noch mear en krije we ek wer kânsen, mar it slagget net om te skoaren, lykas Makkum net troch goed keeperswurk fan Remco.
De jonges ha yn elts gefal mei ynset fuotballe en noch net alles giet goed, mar der geane we oan wurkjen.
It ferslach folget noch.
G
roetnis, Klaas Pompstra

Makkum C1 – SDS C1
C1 wint yn in doelpuntrike wedstryd mei 7-4 fan Makkum.

SDS A1 – BergumBVC A1
A1 hat freedtejûn in prima prestaasje levere troch Bergum  te ferslaan. Alteast dat meie wij oannimme want 3 minuten foar tiid wie it 2-0 troch doelpunten fan Ralph Wariman en Sybren Wesselius.
Yn in boeiende wedstryd wêryn SDS in soad striid levere foelen de doelpunten in kertier foar de ein en 5 minuten foar de ein.

Feteranen op toernoai op Skylge
De feteranen hawwe it wer kreas dien op it eilân. Ien doelpunt makke 2 doelpunten tsjin en dêrtroch tredde.
Topskoorder wie Babbel mei dat iene doelpunt. It Clarence Sluierklassemint hat ek wer in nije kandidaat.
Letter hjoed mear oer it heuken.