Wepperkes -tongersdei-

Ferslach en foto’s Cauberg 2006
23 augustus 2006
Wepperkes -freed-
25 augustus 2006

Marten Sijszelingtournooi
Nije wike woansdei 30 augustus is der wer it tradisjoniele Marten Sijzeling jeugdtoernooi foar F en E spilers. It begjint middeis om 14.00 oere en elkenien is fansels wolkom.

Oefenje
SDS 2 oefent jûn om 20.00 yn Wurdum tsjin WWS.

SDS 5 sûnder luchtbêden nei Skylge
It trainingskamp fan SDS 5 is dit jier fan heech gehalte. Der wurdt net mear sliept yn in legertinte op luchtbêden, mar yn de 
bargestâl mei echte bêden. Dit soe de prestaasjes tegoede komme kinne op it toernooi at it toernooi foar de nacht west hie. No komt it wierskynlik de rêst nei in dreech toernooi te goede.

Dit jier gjin lijen mei lekstutsen luchtbêden en falske lucht


Der lizze nije fjilden op Skylge, wêrfan ien fan keunstgers. Yn de kantine is in echt bierke te krijen