Utslaggen sneon 15-9

Wepperkes -freed-
14 september 2007
Wepperkes -snein-
15 september 2007

Understeand it programma fan sneon. Wij wolle hiel graach alle útslaggen sa gau mooglik ha. Fansels stelle wij in koart ferslach, bijsûnderheden en doelpuntenmakkers ek op priis.
Mail it nei
dizze adressen.

12:15 SDS 3 (zat) – AVC 2 (zat)  3-1
14:30 SDS A1 – Blauwhuis A1  8-3
10:15 SDS B1 – JVC Nylan 2000 B1  1-2
9:00 SDS D2 – Frisia D6  2-3
9:00 SDS E3 – Franeker SC E4  1-11
9:00 SDS E4 – AVC E3  0-1
12:15 SDS F2 – Oosterlittens F2  0-1
12:15 SDS F3 – Blauw Wit ’34 F13  12-2
14:00 Trynwaldster Boys 1 – SDS 1  0-0
12:00 Leeuw Zwaluwen 2 – SDS 2  0-2
14:30 Oudehaske 4  – SDS 5  1-3
10:30 Heeg C1 – SDS C1  0-8
9:00 SneekWitZwart C3 – SDS C2  4-2
13:00 Oosterlittens D1 – SDS D1  6-2
11:00 Mulier DA1  – SDS DAJ  16-0
9:00 JV Bolsward E2 – SDS E1  1-5
10:00 Minnertsga E1 – SDS E2  6-0
9:00 IJVC F1 – SDS F1  0-3

Bij de wedstriden

Trynwâldster Boys 1 – SDS 1      0-0
Beide trainers koene frede hawwe mei de punt. De earste helte wiene de gasthearen wat mear oan de bal, mar oan beide kanten hiene de doelmannen net folle te dwaan. SDS wie kaam faak krekt in poatsje te koart troch wat ynhâlden fuotbal. Yn de twadde helte wie SDS it earste kertier gefaarliker, mar doelpunten bleaunen ut. Goeie kânsen wiene der fan Harm, Dirk Yde en Tjalling. Ek de tsjinstanner kaam noch in kear gefaarlik troch yn de twadde helte. Skelte Anema rûn yn dizze fierders sportive wedstryd oan tsjin in giele print.
0-0 yn in utwedstryd helje is in goed resultaat, sille wij mar sizze.

Leeuwarder Zwaluwen 2 – SDS 2     0-2
Fan beide kanten wie it net in sprankelende pot fuotbal. Dochs behelle SDS 2 troch twa doelpunten fan Jelmer Posthumus in fertsjinne oerwinning. Trainer Hylke Schrale begjint kreas oan de kompetysje mei 6 út 2.

SDS 3- AVC 2     3-1
SDS 3 wûn al wer. No mei 3-1. Doelpunten fan Gerrit Flisijn, Remco Bervoets en Paul de Boer.

Oudehaske 4 – SDS 5     1-3
Tongersdei op de training fuotballe hij as in Egypstyske krante. Mar hjoed stie hij der as in farao. Trije doelpunten fan Harm Auke Dijkstra yn in wedstryd dy’t betiden ûntsierd waard troch in te hurde fuotballer fan Oudehaske. De oerwinning wie fertsjinne.

SDS A 1- Blauwhuis A1      8-3
SDS A1 wie nij yn de klean stutsen en dat motivearre de ploech wierskynlik. Want mei 8-3 winne is best genôch. Jacob van Wieren (3), Feiko Broersma (2), Freek Tichelman (20 en Sytze Kooistra (2) skoorden de doelpunten.
Yn de 90 ste minút krigen trije SDS in giele print fanwege praten: Ewout, Thomas, en Harm Jan

SDS B1 – jvc Nijlan B1
André Vink betanke! André floot sneon de wedstriid fan SDS B1 en die dat prima. Skiedsrjochter WiIkins (noch yn Ingelân?) kaam net opdagen en naam syn mobyl ek net op. Fierders wienen der gjin minsken beskikber. Hjoed foar it earst foar kommen yn in wedstriid dit seizoen, 1-0. Dochs ferlern mei 1-2. Wol winst helle as ploech yn it better spyljen en oganisearjen. Wer in stap yn de goeie rjochting makke.
Miskien moatte we master Hingst mar taheakke oan de staf…
Hy leauwt ‘blynwei’ yn de jonges.
It ferslach.

SDS E3 – SC Franeker 1-11

Na twee gewonnen wedstrijden was dit wel even schrikken De eerste helft speelden we wel leuk en we stonden tijdens de rust met 1-4 achter. Frank heeft het doelpunt gemaakt. De tweede helft moesten we het zonder Gerwin doen, hij raakte geblesseerd aan zijn nek. SC Franeker scoorde het ene doelpunt na het andere. Toch zei een ouder van Franeker dat wij het eerste team waren die wat tegenstand bood. Jammergenoeg werd het 1-11. Gelukkig keepte Gertjan heel goed anders was het misschien wel 1-20 geworden.
gr. Wiebe Vellenga

SDS E4 – AVC E3
Wat in spannende wedstryd! SDS E4 hie twa kear dik ferlern en se fochten foar in puntsje tsjin in iets better AVC. It like lang in puntsje te wurden mar krekt foar tiid skoarden de Seisbierrumers dy’t mei 13 jonges/famkes in 7-tal foarmen. Klasse jonges en famke, folgende kear moat it slagje.

IJVC F1 – SDS F1 0-3
Ik vond de wedstrijd leuk omdat ik verdedigen leuk vind deze wedstrijd hebben we gewonnen met 3-0,doelpunten door yward 2 keer en mattys 1 keer we hadden een best wel leuke tegenstander yvc de beste speler uit onze ploeg F1 vond ik matys en yward omdat ze schoren en niels keepte een erg goede wedstrijd.
jelmer leistra verdediger sds F1