Wepperkes -freed-

Seleksjes sneon
14 september 2007
Utslaggen sneon 15-9
14 september 2007

SDS League
Moarn is it de lêste dei om je team yn te leverjen. Der rûgelje al aardich wat teams troch de briefebus en de mailboks yn, mar wy hawwe noch net genôch. Doch dus ek mei en klik hjir!! Ferjit it net!

Nije lieders
SDS 5 hat 2 nije lieders: Durk Okkema en Stoffel Bouma sille fanôf no it stokje oernimme dat Ids Boersma tydlik yn  de hân drukt krigen hie. Durk en Stoffel sille ynkoarten harren fysje en ambysje mei SDS 5 op dizze side útsprekke.

Prima opkomst
It kin hast net better soene je sizze. Bij SDS 4 en SDS 5 wiene tongersdeitejûn 17 man op training: neffens trainer Sipke in seizoensrekord en mei te tankjen oan de goeie resultaten dy’t beide alvetallen helle hawwe de lêste wiken.

Trainingspakken
It kleuret al aardich read om en bij de Skoalleseize. SDS 1 rint al yn it nije trainingspak, de A’s presinteare de pakken sneon en mooglik sille ek de froulju yn stimmich read te sjen wêze kommende sneon.

Oefenje
Op 22 septimber hat it frouljusteam fan SDS gjin kompetysjeferplichtingen. De bedoeling is dat it team dan oefenje sil tsjin ……….F1. Dat binne yn dit geval de froulju dy’t woansdeitejûn traine. Dat sil harren earste wedstryd wurde.

14.00 oere
Wij melde foar de wissichheid noch mar efkes dat SDS1 moarn yn Oentsjerk fuotballet om 14.00 oere.

Nea wûn?
Neffens ús ynformaasje(Voetbalnoord) hat SDS 1 noch nea yn Oentsjerk fan Trynwâldster Boys wûn……. Wa kin ús fertelle as dit wier is as net? Mail it ús!

Nije leden
Wij sjogge de lêste tiid in protte nije oanmeldingen foarbij fleanen. Hopenlik kinne wij jim ynkoarten de nije leden melde at se definityf ynskreaun en kinne wij oanjaan wêr’t se spylje.

Letter hjoed mear!

Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei dit adres.