Utslaggen sneon 13-4

Seleksjes 12-4
11 april 2013
Weppers snein 14-4
14 april 2013

Mochten jim fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.

Tiid Wedstriden Útslach
8:30 SDS C1 – MKV’29 C1  3-1
8:30 SDS E3 – Joure SC E7  3-3
8:30 SDS E4 – Irnsum E2  3-6
9:40 SDS E5 – IJVC E3  4-10
9:40 SDS F1 – Workum F2  5-0
9:50 SDS D1 – Makkum D1  0-2
10:10 SDS F5 – Nieuweschoot F2  0-10
10:45 SDS C2 – Tzummarum C1  0-9
11:00 SDS B1 – Nijland B1  1-3
12:10 SDS 5 – NOK 4  1-3
12:30 SDS 4 – Oudega 2  nei 24/4
13:50 SDS MC1 – Mulier MC1  útsteld
14:45 SDS 1 – BCV 1  0-4
15:15 SDS VR1 – Rood Geel VR1  3-3
09:00 SJO Oudega/HJSC E1 – SDS E1  6-2
09:00 IJVC F3 – SDS F4  0-8
09:15 SWZ F4 – SDS F2  0-11
10:00 SJO Oudega/HJSC E2 – SDS E2  4-3
10:30 Zeerobben D4 – SDS D3  8-1
12:00 Harlingen D1 – SDS D2  5-2
12:00 Friesland VR1 – SDS VR2  
12:30 ST Dronrijp A2 – SDS A1  3-2
13:30 Oudehaske 2 – SDS 3  6-0
14:30 Olympia’28 2 – SDS 2  4-1


SDS B1 – Nijalnd B1
De B’s moesten gisteren aantreden tegen Nijland.
Om er niet een te dramatisch verhaal van te maken hier een kort verslag.
De eerste helft was een redelijk schouwspel met voor beide teams kansjes, maar SDS kwam op 1-0 voor door een fantastische vrije trap van Wiebe en een misschien nog wel veel mooiere afronding door Casper.
Op dat moment misschien wel verdient een voorsprong.
De tweede helft kunnen we kort over zijn, Nijland stroopte de mouwen op en walste met fysiek geweld over alles wat SDS was heen, dus niet alleen over de spelers……
Zelfs de diep rode kaart kon de Nijlanders niet deren en ze wonnen met 1-3.
Als wij in de eerste helft de kansen hadden benut dan…………
Maar ja, die werden helaas niet benut en de boys zaten verslagen in de box,
wetende dat ze het “zelf” gedaan hadden en niet door het geweldige voetbal van Nijland…..
Volgende week vol goede moed naar Leeuwarden om Friesland te verslaan.
Boudewijn.

SDS 1 – BCV 1     0-4
Hoapfol wiene de supporters fan SDS nei sportpark de Skoalleseize gien. Nei de twa kreaze gelykspullen tsjin twa titelkanidaten soe it doch ek mooglik wêze kinne om tsjin de tredde titelkanidaat BCV in puntsje te pakken.
Nei in goed kertier wie al dúdlik dat dat der hjoed net ynsiet. SDS kaam net goed oan de bal tsjin in fanatyk fuotbaljend BCV. De iene nei de oare flater efteryn makke en it middenfjild en foar kamen se net oan spyljen ta.
De 0-1 foel yn dat earste kertier en dêrmei wie de wedstriid spile. SDS krige wat heale mooglikheden en BCV krige dikke kânsen: Jaap Toering hie twa gelwedige reddingen.
Nei it skoft wie it byld net oars. BCV bleau konsintreard fuotballe en bleau op syk nei de 0-2. Dy foel. De 0-3 en de 0-4 ek. “De útslach net grutter wurde litte en gjin kaarten op rinne” seine wij oan de kant.
In fertsjinne oerwinning yn in sportive wedstriid fan it folle bettere BCV. Ien gelok. De ploech wêr’t SDS nei op jacht moat (ONT) ferlear mei 8-1, sadat it rissultaat fan dizze dei úteinlik is: wij binne 3 doelpunten útrûn (foar wat it wurdich is). Tiisdei der mar wer stean tsjin CVVO om 19.00 oere yn Easterein.

Olympia 2 – SDS 2   4-1
De Hasseltenaren wiene wierskynlik op revanche út omdat sij fûnen dat SDS 2 yn de thúswedstriid wat te folle spilers fan it earste brûkt hie en omdat de skiedsrjochter dy’t troch de bûn oanwezen hie in frjemde rol spile hie bij it ferlies yn Easterein.
Oan de twiit fan Sjoerd van Beem te lêzen hiene se yn alle gefallen in skeids opsocht dy’t geweldich wie (foar de eigen klup) sadat it dêr net oan lizze koe. Wol 0-1 foar(kopbal Jort) mar in 4-1 einstân. Oh ja, SDS hie 4 man fan it tredde mei…mar dat sil Olympia wol net neisocht ha.

Oudehaske 2 – SDS 3    6-0

Wij hoege net op syk nei de doeklpuntenmakkers.

SDS 5 – NOK 4
Der is noch gjin ferslach mar wij witte dat Johan Delfsma skoard hat mei de kop.

SDS Vr 1 – Rood Geel Vr 1      3-3
Spannend oan it lêste fluitsinjaal.  5 minuten foar tiid joech SDS  de 3-2 foarsprong wie en dêr begrypte lieder Pieter Veen neat fan: Protteldeprotteldeprottel….
Doelpunten fan Jildou Jorritsma (2) en Manon Travaille
.

SDS C1 – MKV ’29  1
De opstelling Gertjan op  doel, verdediging, Jos, Inne, Gerwin, en wiebe.
Middenveld: Mathijs, Frank, wiard.
Aanval:Yward, Watze Jacob.
Wissels:Habtamu, en jitte.  
MKV ‘29 stond vandaag op het programma.
We wisten dat we het zwaar zouden krijgen, dus besloten we om vol druk naar voren te spelen, omdat ze daar moeite mee hebben.
Dit resulteerde al snel in een  mooie goal van Gerwin: 1-0.
Na de 1-0 werd MKV gevaarlijker en als snel maakten ze 1-1.
Toen gingen wij er weer vol met het hele team er tegen aan maar er kwam geen goal meer in de eerste helft.
Tweede helft:
De tweede helft werden we terug gedwongen tot eigen helft. Maar de verdediging stond ‘’goed naar binnen de verdedigen’’.
En in de counter waren we levensgevaarlijk.
Waar uit Yward een doelpunt maakt: 2-1.
MKV probeert nog meer druk te geven naar voren toe.
Hier door krijgen we in de aanval meer ruimte.
En dit resulteerde in de 3-1 gemaakt door Habtamu.
Dit is ook te eindstand en verdedigend stond het vandaag zeer goed, door bij bal bezit goed breed uit te spelen en bij bal verlies direct naar ‘’binnen’’ toe verdedigen
Wat heel belangrijk is.
Hierdoor hebben wij volgens mij deze wedstrijd na een goed resultaat bracht. 
Groetjes Gertjan Bootsma.

SDS D2 – Harlingen D1
Het gebrek aan wedstrijdritme begint SDS D2 op te breken. Vorige week na maanden weer de wei in met een klein verlies. Deze week was Harlingen D1 de te kloppen ploeg. Na een aardig begin met wat veranderingen in de basis elf drong Harlingen aan en kwam ook drie keer vrij voor de keeper. Bote keepte top, dus geen goals. Bij een uittrap ging het even mis. De coach gaf aan wie er vrij stond, op het moment dat dit gezien werd stond de speler niet meer vrij…, foutje. Gelukkig scoorde Hendrik twee maal uit een corner van Sjoerd. Na de thee direct de gelijkmaker. Vervolgens wat foutjes en een makkelijke 3 – 2. Hierna werd vooral op het middenveld strijd geleverd, met een paar mooie kansen voor SDS. Op het moment dat de 3 – 3 had moeten vallen werd het 4-2, een oude voetbalwet trad weer in werking.
Dat het ook nog 5 -2 werd, verdienden de zwartbroeken niet. Thuis pakken we ze jongens!!
 
Tjerk

13-4-2013 Oudega/HJSC E1  –   SDS E1
Hjoed de utwedstriid yn Hommerts tsjin Oudega/HJSC E1. Dizze mannen stienen twa plakken boppe us, dus it wie wol wichtig om hjir te winnen. Fanof de earste minuut wie SDS de bettere ploech. Der waard goed fuotballe en we kamen dan ek fertsjinne op in 0-1 foarsprong. Op in assist fan Eeltsje wie it Stan die skoarde. Dernei bliuwden we goed spyljen en we krigen hiele grutte kansen op 0-2. Dit barde net, mar Oudega/HJSC skoarde wol yn e 19e minut. Jo sjoche it fan de kant en jo kinne der neat oan dwaan; de kopkes fan us jongens geane nei underen, der wurd tefolle eamele en in minut letter stean we 2-1 achter.
Toch wie it Tjerk, die hiel goed spyle, die foar de rest de 2-2 deryn skeat.
De twadde helte, miskien lei it oan de ranja ……………………………………………………………………………………………………………………………………………Utslach :  Oudega/HJSC E1  –   SDS E1   6 – 2

Efkes Balje
Freedtejun om healwei achten soe it wer heve: Efkes Balje in Easterein. Om healwei sanen it fuotbaltenue en de fuotbalskuon al oan. Hurd noch efkes op de side van SDS sjen, en wat stiet der? 
                                           EFKES BALJE G.N.T.  !!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!

Giet net troch, giet net troch, hwa hat dat no wer betocht ???? It kin toch net sa weze dat it fjild yn Easterein te wiet is !!!  Nei wiken fan droegte, in lyts buitsje op freedtemiddei. En dan it fjild te wiet. Dit is net te leauwen !!!!!  It is ommers prachtig waar om efkes te baljen. En at it dan net yn Easterein kin of mei, dan geane we wol nei Wommels ta. Hurd noch efkes wat minsken skilje/appe/sms-e dat we wol efkes balje, mar dan yn Wommels. Njoggen spilers wiene van de party; Heit en soan van der Weg, Pieter de B, Pieter V, Harry, Ferry, Paul, Johan en Theo.
It fjild lei der prachtig by en de hesjes wiene goed ferdield. De striid gie lykop, mar uteinliks
wiene Klaas, Paul, Pieter V en Theo te sterk foar Johan, Pieter de B, Michael, Ferry en Harry.
Sy makken de winnende 2, 3, 4 goals. Utblinker dizze jun wie Michael, die mei snelhyd foar in soad gefaar soarche. It wie hast njoggen oere dat wy allegeare wer nei hus ta gongen.
Folgende wike is der wer Efkes Balje, en de kans is grut dat dit wer yn Wommels bart.

De mannen van Efkes Balje.

Letter mear