Utslaggen 31 maart

Seleksjes -sneon-
30 maart 2007
Wepperkes -snein-
31 maart 2007

Utslaggen, nijtsjes, doelpuntenmakkers, prachtige aksjes , bysûndere reddingen en koarte ferslaggen stelle wij tige op priis.
Maile kin nei
dizze adressen

 

útslach

14:00 SDS 6-Delfstrahuizen 4  ôflast
12:15 SDS B1- SneekWitZwart B1  2-5
11:30 SDS B2 – Joure SC B4  1-3
9:00 SDS D2 – Zeerobben D5  9-0
9:00 SDS E1 -Heerenveen E2  0-5
10:00 SDS F1 – Sneek F1  1-4
10:00 SDS F2 – Woudsend F1  3-2
14:30 Heerenv.Boys 1- SDS 1  1-1
12:30 HZVV 2 – SDS 2  2-0
14:00 Foarut 3 -SDS 5  2-2
9:30 JVC Nylan 2000 C1 – SDS C1  2-1
10:15 JV Bolsward D1 -SDS D1  1-1
8:45 Workum D3 – SDS D3  5-2
11:30 JV Bolsward E2-SDS E2  2-3
10:45 Sneek E3 – SDS E4  4-3
10:15 JV Bolsward F3-SDS F3 10-1
11:00 Makkum F4 – SDS F4  1-2
12:15 HJSC F2 – SDS F5  0-2

Bij de wedstriden:

Heerenveense Boys 1 – SDS 1 1-1
SDS 1 pakt in puntsje tsjin Heerenveense Boys. SDS kaam yn de earste helte sels foar mei 1-0 troch in goal fan Jelmer Posthumus. Hy begie (as A-junior) yn de basis. Jelmer krige al gau selskip fan syn teammaat yn de A’s Feiko Broersma doe ’t Henk Postma útfoel nei sa ’n 20 minuten.
SDS wie neat minder as Heerenveense Boys mar koe net foarkomme dat sy ien minút foar it skoft lyk makken; 1-1.
Yn de twadde helte krigen beide ploegen noch kansen op de winst mar it bleaun 1-1.

HZVV 2 – SDS 2 2-0
SDS bleaun mei lege hannen stean yn Hoogeveen. Nei 90 minuten stie der 2-0 foar HZVV op it skoreboerd.

Foarút 3 – SDS 5
De oapaste doelstelling fan lieder Klaas Okkema like ferlammend te wurkjen op de ploech. Binnen 15 minuten stie SDS 5 mei 2-0 efter. Krekt foar de thé waard it 2-1 troch Folkert Rients Vellinga.
Nei i9t skoft duorre it 10 minuten, doe waard it 2-2. Ype Tiemsersma skoorde. En ûndanks in fjildoerwicht bleau it bij 2-2. Twa puntsjes ferlern wie de konkluuzje.


SDS 6 – Delfstrahuizen 4
At it hjoed 1 april west hie dan hiene jim tinke kind dat it in grap wie. SDS 6 is ôflast. Sneontemoarn tsjin 10 oere belle Delfstrahuzen ôf. Te min minsken, wie it ferhaal.

SDS E1 – Heerenveen E2
De ploech út it Fryske Haachje wie te sterk. Mei prima kombinaasjes en direkt fuotbal stie SDS hast de hiele wedstryd ûnder druk. Der wiene in pear útfallen mei goeie kânsen mar SDS skoorde net. Einstân wie 0-5 en dat wie seker net flatteard.

JV Bolsward E2 – SDS E2   2-3
SDS stiet mei 2-0 efter mar troch doelpunten fan Jurjen, Pieter en Jan Thomas waard it 2-3

SDS F1 -Sneek F1  1-4 
SDS F1 ging de eerste helft goed van start. Via mooie combinaties werden de spitsen Habtamu en gelegenheidsspits Remco goed bereikt. Er waren kansen aan beide kanten maar de mooiste was voor Gerwin die met een weergaloos stiffie de 1-0 aantekende. Frank was met een afstandsschot van wel 20 meter dicht bij de 2-0 maar de bal ging net naast.

Direkt na rust kwam Sneek op 1-1 uit een corner. De 1-2 en de 1-3 volgden daarop vlot. SDS had de 2de helft tegen de wind in en had het daardoor zwaar. Uiteindelijk werd het 1-4 maar er werd door F1 goed gevoetbald, waarvoor ze een groot compliment verdienen. Bijna iedere week is het weer een genot om deze jongens te zien voetballen. Er staat een echt team!!!
Remco

Der steane sûnt tongersdei ek wc’s by de tydlike kantine: