Wepperkes -snein-

Utslaggen 31 maart
30 maart 2007
Wepperkes -moandei-
31 maart 2007

Pisje en poepe

Dizze wike is der al wer in geboutsje pleatst op de Skoalleseize. Sneontemoarn plakte Willem Twijnstra der mar efkes in briefke op: Húske. Om te poepen en te pisjen dus.

Jonge ploech
De A’s hiene sneon frij en dat wie moai foar trainer Marcel Frankena. Hij koe de jonkies Jelmer en Feiko meinimme nei Hearrenfean.
Jelmer stie yn de basis en skoorde en Feiko foel nei 20 minuten yn.

Earste ljipaai
Marcel Frankena belibbe dizze wike in hichtepunt. Hij fûn it earste ljipaai fan …. Rotterdam.
Rare boel fansels want noch gjin twa jier lyn fûn in Rotterdammer (Stefan van Krimpen) it earste ljipaai fan Easterein.
Omdat ljipaaisykjen net tastien is yn de Kuip en omkriten is it aai net oanbean oan boargemaster Opstelten. It ferhaal giet dat Marcel it aai opiten hat.

Cisca Peters
Tjeerd Dijkstra sei sneontemoarn ôf foar it fuotbaljen fan SDS 5. Dat wie opmerklik want it is algemien bekind dat syn frou Matty sneons net nei de stêd wol. Fraach wie dan ek , wat docht hij dan.
Let op de middei kaam hij noch efkes yn de kantine en die der syn ferhaal. Hij hie in feessie (yn sjakket) yn Noordwijk, yn
it hotel wêr’t it Nederlânsk alvetal ek altyd sit. In optreden fan Cisca Peters (nea fan heard) op freedtejûn  hie him hielendal yn de besnijing en sa bleau hij de nacht oer yn it fantastysk bêd.

Klaas en Bertus nei Dronryp?
Klaas Visser en Bertus Bootsma binne sneontemiddei efkes te lang op Schatzenburg bleaun. Neidat se earst mei Ype yn de Foarút kantine sitten hiene, stutsen se ek noch efkes oan yn de Dronyp kantine. Sokke kreaze jonges woene se der wol graach bij hawwe yn Dronryp en der waard Klaas en Bertus gelyk in kontrakt oanbean. It hinget noch fan wat lytse dinkjes ôf at it ek echt troch giet. Oer Ype syn  kontakten mei Dronyp hawwe wij neat heard.

Blier
Tongerdeitejûn trainde Dennis Dijkstra mei de B- seleksje. Hij makke it hiele oere net fol want in groue blier pleage him.
Yn it skoft fan Foarút 3 – SDS 5 kaam Harm Auke op sokken de klaaiboks binnen. Dat frege fansels om útlis.
“Ik haw in dikke blier” sei Harm Auke, “ik haw de skuon fan Dennis te brûken en dat levert ek mij in blier op”. Yn de twadde helte hat er syn eigen skuon wer oandien en dat gie gâns better

De blaue blierre skuon fan Dennis

Trije doelpunten
SDS 1 skoorde 1 kear en SDS 5 2 kear. Dat wie alles dit wykein. Jelmer Posthumus, Ype Tiemersma en Folkert Rients Vellinga wiene de doelpuntenmakkers.

Jimy Hingst
Wij krije krekt it berjocht troch dat Gerrit gitaar Hingst heit wurden is fan in soan. Fan herte lokwinske.

Chris Resing
Sneontemiddei wie Chris Resing, de amateurkenner fan Nederlân en krekt lyn noch yn Easterein om SDS te sjen en de klok te lieden, foar Omrop Fryslân. Hij die ferslach fan QVC- Overzwaluwen. Yn de folgende Treffer stiet in ekslusyf interfjoe mei dizze unike man.

Kuolkast

Bij SDS 5 geane se hieltyd klaaider fan hûs. Folkert Rients Vellinga hat sels in kuolkast yn bouwe litten om in sapke foar ûnderweis kâld oanbiede te kinnen.

Seleksje tiisdei
Trainer Marcel Frankena lit ús witte dat de folgende spilers tiisdei meigeane nei Bûtenpost at tsjin Buitenpost 1 spile wurdt:
Jaap, Tsjeard, Jakob, Floris, Mark, Henk,Tsjipke,Johannes, Anne, Skelte, Robert, Feiko Broersma (a1), Feite, Dirk Yde, Redmer(a1), Cornee (a1)
 
We vertrekken om 17.00.

Nijs?
Mail it nei
ús!