Utslaggen 28-2

Weppers en wat seleksjes
26 februari 2015
Weppers moandei 2-3
1 maart 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!


Tiid Wedstryd Útslach
11:30 SDS MD1 – Espel MD1  3-1
12:00 SDS A1 – LSC 1890 A2 G.n.t.
14:30 SDS 1 – Workum 1  2-1
10:30 YVC-Blauwhuis B2 – SDS B2 G.n.t.
12:00 SWZ Boso Sneek B2-SDS B1  2-1
14:30 Oeverzwaluwen 2 – SDS 2  0-2
14:30 Dronrijp VR2 – SDS VR1  1-1

De oefenwedstryd fan SDS F1 giet ek net troch.

SDS 1 – Workum 1 2-1
SDS 1 wint mei 2-1 fan Workum. Wy binne benijd nei it ferslach.
By
Henk Bootsma op de wepside kinne jim alfêst wat foto’s besjen. Fierder kinne wy melde dat Jelmer Posthumus de 1-0 makke en Hendrik de Jong de 2-0. Workum makke letter noch 2-1.

Hendrik de Jong skoort!
Foto Henk Bootsma

Oeverzwaluwen 2 – SDS 2 0-2
SDS 2 pakt nei de winterstop lyk de wichtigste punten fan it seizoen. Sy winne mei 2-0 fan Oeverzwaluwen troch doelpunten fan Bote en Hendrik Engbrenghof.

Dronrijp Vr.2 – SDS Vr.1 1-1
De froulju fan Vr.1 pakke in puntsje fan Dronrijp 2. Miskien hie der mear yn sitten. Kirsten Hiemstra gie troch wêr ’t sy foar de winterstop ek drok mei dwaande wie. Skore!

Sneek Wit-Zwart B2 – SDS B1

We begonnen de wedstrijd met een andere opstelling omdat drie van onze teamgenoten op wintersport waren. Hierdoor moesten we in het begin een beetje wennen en ging het voetbal niet zoals we gewent waren. Gelukkig maakte een speler van Sneek Wit-Zwart na tien minuten al forse overtreding op Jorrit Veltman en kreeg daardoor een rode kaart. Nu stonden wij met 11 man en hun nog maar met 10, eitje dus. Zo gemakkelijk bleek dit niet te zijn. Pas in de tweede helft kregen we het voorelkaar om te scoren. We scoorde dankzij een schot van Jurjen Tacoma die eerst door de keeper geblocked werd, waardoor Habtamu de bal er gemakkelijk in kon tikken. Nu kon het niet meer mis gaan, totdat door een foutje van de verdediging de 1-1 werd gemaakt en al vlot daarna de 2-1 werd gescoord door een miscommunicatie tussen keeper en verdediger. Uiteindelijk is het 2-1 gebleven en gingen we met bedroefde gezichten naar huis.

Wiebe Vellenga 

Efkes Balje
De LangelatteLellers wiene der net bij, want dy holden ta yn de snie. Mei jaloerske blikken seagen sij it foarspul fan it Efkes Baljen yn de whatsapp groep. De thúsbliuwers wiene net jaloersk op dy wiete snie, mei dy ûnhandige stokken

en dy fierste te grutte sinnebrillen.
Dy thúsbliuwers genoaten fan de ideale omstannichheden efter de sporthal.  Sij bewûnderden de ferskillende nije fuotbalskuon en mei dêrtroch waard it dan ek in striid op heech nivo. Team6man hie mear snelheid en liken dêr it measte wol oan te hawwen. Team5man moast wol gauris efkes foaroer stean om te bekommen. De skoare gie lyk op. Wylst de druk op team5man hiel grut wie mei in 12-11 foarsprong, klapte koster André de klepel tsjin de klok en wie it heal wei njoggen oere.
Winst dus foar Wouter, Sipke, Tjerk, Johan en Aant yn de grutte partij.
De slotpartij wie gau dien. De geast woe noch wol bij team5man mar de skuon hiene harren nocht. Winnende doelpunten wiene der fan Almar en Bram.
Sa gongen dus ek Marco, Almar, Jan Bouke, Bram, Pieter en Hendrikus tefreden nei hûs. 
En de langelattenlellers, se waarden hielendal net mist, mar binne nije wike wer fan herte wolkom.
Aant