Weppers en wat seleksjes

SDS League: "Moai sTom"!
26 februari 2015
Utslaggen 28-2
27 februari 2015

Efkes Balje
Justerjûn wiet, mar hjoed best ôfdroege. Wij tinke dat it Efkes Baljen jûn gewoan trochgiet, want der is wol in droech hoekje. Om 19.30 oere.

De fjilden
It haadfjild yn Easterein leit der kreas by. It B-fjild is noch wol aardich wiet. As der gjin wetter mear komt, dan…….. Wy kinne der noch neat fan sizze.

Programma en ôflast
It programma foar moarn kinne jim hjir fine. De wedstryd fan SDS B2 foar moarn is al ôflast.

Goed nijs!
Wy binne tige bliid dat wy melde kinne dat wy 2 leiders fûn hawwe foar de froulju fan SDS Vr.2. Harrie Strubbe en Jan Evers sille de froulju foarút helpe yn de 7-tsjin-7-kompetysje kommende maaitiid. Super!
No noch in fêste trainer op moandei!

Krokuskup
Yn de folgjende Treffer wat mear foto’s fan it slagge Krokustoernooi. De útslach wolle wij jim no net ûnthâlde:
2e prijs wie foar Michiel, Kevin, Jikke, Jente en Benthe.
1ste priis wie foar Eeltsje, Femke, Jorrit en Marc.

Bekerstriid sneon
Kommende sneon om 11.30 oere is der in echte ynterprovinsjale  bekerstriid yn Easterein. SDS MD1 nimt it op tsjin Espel MD1. De fammen kinne wol wat oanmoedigingen brûke.

SDS 1 – Workum 1
13.15: der wêze
14.30: fuotbalje
Noch net bekend

Oeverzwaluwen 2 – SDS 2
13.15: fertrekke
14.30: fuotbalje
Sjoerd van B., Geert, Feite, Kristiaan, Bote, Jesse, Hendrik E., Ralph, Broer J., Allert, Jentsje, Jort, en Jelle.

SDS A1 – LSC A2
11.15: der wêze
12.00: fuotbalje

Pieter Sytsma, Pieter de V, Almar, Wiebe, Teun, Stephan, Jurjen, Lourens, Douwe, Foeke, Jelle-Jan en Martijn.
Flagger: Klaas Overal


Wepuitje!
De wepmasters geane moarn mei de haadstiper fan de wepside,
Fakwurk, derop út. De haadstiper hat harren útnoege om mei nei Rotterdam. Nee, net nei de Kuip, mar nei De Van-Nelle-fabrieken. Wat dêr te rêden is? Doch earst de eardoppen mar efkes yn; Scumbash!
Fakwurk!
Dat is FAKWURK ynderdaad!

Anne rollator?
De lieder fan SDS 1, Anne Brouwer, hat al in skoft lêst fan syn skonken, mar wol him net operere litte, want hy rêdt him sa ek wol.

Sa kin hy noch jierren foarút!

Gemiddelde leeftiid
De gemiddelde leeftiid by de A’s op trainen lei juster al wat heger as oars. Wy skatte dat de gemiddelde leeftiid sa rûn de 23 jier lei. Dit kaam om ’t Jort en ien fan de wepmasters ek efkes meidienen. Doe ’t Wichard de ôfslutende partij ek noch efkes meidie hawwe wy mar net mear skatten.

Jildbarometer keunstgers SDS
Mei tank oan Johan Heerma en ús freonen fan DWP hawwe wy no in jildbarometer foar it keunstgers foar op de wepside. Jim kinne him no alfêst efkes bewonderje:Kunstgras

Alderaardichst
It bleaun juster aardich rêstich yn Rotterdam. Logysk fansels:


Harsens derby (1443)
Tikkie werom, Jaap!!!